Feriening foar Folksfermaken Klaas Mug

De Feriening foar Folksfermaken Klaas Mug (Nederlânsk en offisjeel: Vereniging voor Volksvermaken Klaas Mug) is in organisaasje yn it Fryske doarp Rie. Dizze feriening is de pleatslike keatsklub, mar organisearret dêrnjonken ek elts jier it Riester doarpsfeest. De Feriening foar Folksfermaken Klaas Mug waard yn 1898 oprjochte, en fierde sadwaande yn 2018 syn 120-jierrich bestean.

Feriening foar Folksfermaken
Klaas Mug
Vereniging voor Volksvermaken Klaas Mug
algemiene ynformaasje
ôfkoarting VvV Klaas Mug
nasjonaliteit Nederlânsk
type org. feriening
wurkmêd sport (keatsen) en doarpsfeest
fêstige yn Rie (Fryslân)
oprjochte 1898
offisjele webside
www.vvvklaasmug.nl

Dat waard dien mei in útwreide doarpsfeest fan fjouwer dagen fan freed 6 oant en mei moandei 9 july, mei in optocht fan fersierde prealweinen, fytsen en persoanen, in keatspartij en in merke. Op 'e freedtejûn wie der in optreden fan Rockabilly en Rock 'n Rollband Tess and Her Highway Patrol, en op sneontejûn fersoarge coverband Prime Suspect de muzyk yn 'e feesttinte.

Jubileumboek bewurkje seksje

  • Henk Sloots, Honderd jaar Klaas Mug; 1898-1998, 1998

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: