Achlumer Mole

De Achlumer Mole stiet by Achlum en is in ryksmonumint. De houten achtkant waard troch de foarrige eigener Haye Thomas skonken oan de Stifting De Fryske Mole. Fan dizze yn 1851 boude poldermole stie doe allinnich de romp noch. De mole hat in flecht fan 18.60 / 18.70 m

De Achlumer Mole yn 2009
De Achlumer Mole út it westen

Yn 2007 is hy folslein restaurearre. De al yin 1954 weihelle keningsspil, it sturtwurk, it geflecht en de kape waarden opnij oanbrocht. Sûnt 1950 draaide de skroef op in elektromotor. Mei Wetterskip Fryslân is ôfpraat dat de mole no wer mei wynenerzjy ynsetten wurde sil foar bemeallen fan Achlumer Noardpolder. By de mole stiet de eardere moolnerswente, dy't no foar rekreaasje brûkt wurdt.

Sjoch ekBewurkje

Keppeling om utensBewurkje