Gertrudistsjerke (Achlum)
De Tsjerke fan Achlum is ien fan de twa tsjerke fan de PKN-gemeente Achlum-Hitsum.
Gertrudistsjerke (Achlum) | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Waadhoeke | |
plak | Achlum | |
adres | De Terp 1 | |
koördinaten | 53° 08' N 5° 28' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Gertrudis fan Nijvel | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 12e iuw, toer 15e iuw | |
boustyl | romanogotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 15822 | |
Webside | ||
PKN Achlum-Hitsum | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe oarspronlik oan Gertrudis fan Nijvel wijde tsjerke datearret út de 12e iuw en waard op in tsjintwurdich fiif meter hege terp boud. Noardlik fan de terp ûntstie om 1429 hinne in troch it kleaster Lúntsjerk ûnder Mullum in konvint stifte, dat yn 1672, in pear jier foar de reformaasje, oanfallen waard troch de Geuzen en dêrnei yn ferfal rekke. De tsjerke waard yn de 15e iuw feroare, itjinge mooglik te krijen hie mei de bou fan it kleaster. De dowestiennen muorren fan de tsjerke waarden mei giele bakstiennen ferhege en krigen in nije kape. Ek in nij trijesidich koer waard oanboud. De ferhege muorren makken ek it ynbringen fan de grutte goatyske finsters mooglik. Yn 1790 is de sealtektoer foar in diel ôfbrutsen en ferfongen troch de houten opbou mei spits. Oan de noardlike muorre is de romaanske oarsprong mei de heechlizzende rûnbôgefinsters fan de tsjerke noch it bêste ôf te lêzen, mar ek yn de súdlike muorre binne njonken de dowestien noch spoaren fan romaanske arsjitektuer te finen. Yn de súdlike muorre is yn in brede tichtmitsele bôge in skeinde stien fan in hillige sûnder holle fan reade Bremer sânstien te sjen.
Ynterieur
bewurkje seksjeDe sealtsjerke is oerdutsen mei in houten tonferwulft út de 15e iuw. It grutste part fan it ynterieur stamt út de 17e iuw. De opstelling is tradisjoneel protestantsk: de preekstoel oan de súdlike muorre yn de dooptún, dwers op it skip oan de noardlike muorre de banken foar de manlju en mei oan de súdlike muorre de banken foar de froulju, dy't op de preekstoel oriïntearre binne. De wangen fan de frouljusbanken drage fykwurk fan blommen en datearje út 1653. Yn it koer steane ienfâldige hearebanken.
Under de tsjerke leit de grêfkelder fan de famylje Draisma.
Oargel
bewurkje seksjeDe tsjerke hat in oargel fan Van Dam út 1854.
Klokken
bewurkje seksjeDe âldste klok fan de tsjerke is de Jezus-Marije-Jehannesklok, dy't getten waard yn 1380. Yn de Twadde Wrâldkriich waard de klok út de toer helle om tefoarren te kommen dat de Dútsers de klok foarderen om him om te ranen. Nei de befrijing kaam de klok lang om let yn it Museum Martena yn Frjentsjer telâne, dy't de klok yn 2016 werom joech oan de tsjerke fan Achlum.[1] De oare twa klokken fan de Gertrudistsjerke stamme út 1621 en 1631 en waarden getten troch Hans Falck.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|