Obernkirchener sânstien

(Trochferwiisd fan Bremer sânstien)

Oberkirchener sânstien is in type sânstien dat wûn wurdt út stiengatten yn de omkriten fan it Dútske plak Obernkirchen, yn de Landkreis Schaumburg, dielsteat Nedersaksen. De heuvelrêch, dêr 't de winning fan it materiaal is, hjit Bückeberg en leit eastlik fan Obernkirchen. Omdat it materiaal oant likernôch 1950 faak oer de Weser nei de stêd Bremen skipe waard, hjit it ek wol Bremer sânstien

Yngong fan it tagonklik part fan it sânstiengat, dêr 't de dinosauriërspoaren te sjen binne

Der wurde faak fossilen of spoaren fan fossilen yn dizze sânstienlagen fûn, lykas de spoaren fan dinosaurussen dy 't yn 2007 yn de sânstienútgraverij fan Obernkirchen fûn waarden.

Geologysk is it in sânstiensoarte, dy 't ta de Wealden-groep rekkene wurdt. It stiente waard betiid yn de geologyske perioade Kryt foarme, yn it Berriasien, sa'n 145 oant 139,8 miljoen jier lyn. De sânstienlaach by Obernkirchen is tusken 12 en 15 meter dik. It gehalte kwarts is 81 of 99 persint, al neigeraden wat men as suver kwarts definiearret. De sânstien befettet (tige) lytse gehalten oan muskovyt, sirkoan, toermalyn, apatyt, rûtyl en limonyt. De oanwêzigens fan limonyt soarget derfoar dat Oberkirchener sânstien soms in gielige kleur hat.

Mei it winnen fan Obernkirchener sânstien waard op syn minst yn 1167 al úteinset, omdat de doe boude kleastertsjerke fan Obernkirchen út dit stiente oplutsen waard.