Almenum (buorskip)

Almenum is in buorskip dy’t leit yn de gemeente Harns. Almenum leit westlik fan Mullum en noardlik fan Harns. Almenum leit yn de himrik fan Mullum.

Almenum (buorskip)
Bestjoer
gemeente Harns
Oar
Koördinaten 53° 10' 53" NB, 5° 25' 53" EL
Kaart
Almenum (Harns)
Almenum
Dizze side giet oer de hjoeddeistige buorskip. Foar it eardere doarp mei deselde namme, sjoch: Almenum (doarp).

Sûnt 1971 leit Almenum yn de gemeente Harns, dêrfoar lei de buorskip yn sawol de gritenij as de gemeente Barradiel.

De buorskip leit oan de Harnzer Strjitwei en bestiet út sa’n 28 adressen. De buorskip leit oan it Fan Harinksmakanaal.

De buorskip hat de namme krigen fan it alde doarp Almenum. De buorskip lei eartiids ek yn de himrik fan Almenum.

  Harns  
Stêd:
Harns
Doarpen en útbuorrens:
MullumWinaam
Buorskippen en wiken:
AlmenumDe BlynseEasterparkFoarrypIeslumbuorrenKeningsbuertLudumRoptasyl (foar in part)Ungaboer
  ·   ·