Lekkanaal
It Lekkanaal is in kanaal yn de Nederlânske provinsje Utert. It kanaal is krapoan fjouwer kilometer lang en ferbynt it Amsterdam-Rynkanaal mei de rivier de Lek. It kanaal leit eastlik fan it Merwedekanaal en it plak Nieuwegein. In goed kilometer noardlik fan de oansluting mei de Lek lizze de slûzen fan de Prinses Beatrixsluizen. Dat slûzekompleks en it kanaal waarden op 4 augustus 1938 iepene.
Lekkanaal | ||
Lokaasje fan it Lekkanaal yn de omkriten fan Utert | ||
geografy | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Utert | |
ûntspringt yn | Amsterdam-Rynkanaal by Nieuwegein | |
mûnet út yn | Lek by Nieuwegein | |
plakken | Nieuwegein | |
sifers | ||
lingte | 4 km |
Der lizze trije brêgen oer it kanaal hinne; ien eastlik fan de wyk Plettenburg en twa eastlik fan Vreeswijk.