Jan VI fan Nassau-Dillenburg
Jan VI de Alde (Wiesbaden, 22 novimber 1535 - Dillenboarch, 8 oktober 1606) wie de twadde soan fan Willem de Rike en Juliana fan Stolberg. Hy wie in jongere broer fan Willem fan Oranje.
Libben
bewurkje seksjeJan fan Nassau urf yn 1559 as âldste broer nei Willem fan Oranje de Nassauske goeden fan it geslacht Nassau yn Dútslân, omdat syn broer Willem (fan Oranje) de neilittenskip fan syn neef René fan Chalon urf, nammentlik it prinsdom Orange yn Frankryk en de besittings yn de Nederlannen. Jan wie lykas syn oare bruorren Lutersk opbrocht, mar gie yn 1572 út oertsjûging oer ta it Kalvinisme. Yn 1577 wie er yn de Nederlannen. Hy wie dêr koarte tiid steedhâlder fan Gelre. Yn 1579 hie hy in grutte rol by it tastânkommen fan de Uny fan Utert. Yn 1580 ferliet hy lykwols de Nederlannen omdat hy him net fine koe yn de Frânskgesinde polityk fan syn broer Willem. Hy gie werom nei it kastiel Dillenburg. Op 24 april 1581 fierde er de Heidelberchske Kategismus yn syn greefskip yn op skoallen en yn tsjerken. Hy stifte skoallen en beneamde predikanten. Op 1 augustus 1584 gie in grutte winsk fan greve Jan yn ferfolling: yn Herborn stifte hy in hegeskoalle, "Schola Johannae" (Latyn en nei Jan ferneamd), dêr't er Caspar Olevianus as heechlearaar en rektor oanstelde. Ek brocht er in bibleteek ta stân mei de rykste skat oan teologyboeken yn Dútslân. En fierder festige er in boekeprinterij dy't as earste boek de "Ynstitúsje fan Kalvyn" printe.
Jan fan Nassau kin beskôge wurde as de stamfaar fan it no yn Nederlân regearjende foarstehûs. De ôfstamming rint fia syn soan Ernst Kasimir. Fan de fiif soannen fan Juliana fan Stolberg en Willem de Rike is hy de ienige soan dy't op in natuerlike wize oan syn ein komd is.
Hy hat ferskate wichtige funksjes beklaaid. Hy miste lykwols de takt en de diplomatike jeften fan syn bruorren Willem en Loadewyk.
Nei syn ferstjerren waard, op grûn fan syn testamint, Nassau ferdield oer syn fiif dan noch libjende soannen. Nassau foel dan útien yn de greefskippen Nassau-Dillenburg (Willem Loadewyk), Nassau-Siegen (Jan), Nassau-Beilstein (George), Nassau-Dietz (Ernst-Kasimir) en Nassau-Hadamar (Johan Loadewyk).
Houlik en bern
bewurkje seksjeJan fan Nassau boaske trije kear:
- Elisabet fan Leuchtenberch (1537-1579), út dit houlik (Dillenburg, 16 juny 1559) de folgjende bern:
- Willem Loadewyk (1560-1620), steedhâlder fan Fryslân (1584-1620), boaske mei Anna fan Nassau (1562-1588)
- Jan VII (1561-1623)
- George (1562-1623)
- Elisabeth (1564-1611)
- Juliana (1565-1606)
- Filips (1566-1595)
- Maria (1568-1625)
- Anna Sibylla (1569-1576)
- Mathilde (1570-1625)
- Albert (1572, datselde jier ferstoarn)
- Ernst Kasimir (1573-1632), Greve fan Nassau-Dietz, steedhâlder fan Fryslân (1620-1632), boaske yn 1597 mei Sophia Hedwig fan Brunswijk-Wolfenbüttel (1583-1642)
- Loadewyk Gunther (1575-1604)
- deaberne soan (1579)
- Cunigonda Jacoba fan de Palts (1556-1586), út dit houlik (Dillenburg, 13 septimber 1580) de folgjende bern
- deaberne soan (1581)
- Amalia (1582-1635)
- Cunegonda (1583-1584)
- deaberne soan (1585)
- Johannetta fan Sayn-Wittgenstein (1561-1622), út dit houlik (Berleburg, 14 juny 1586)
- George Loadewyk (1588, libbe 4 dagen)
- Johan Loadewyk (1590-1653)
- Johanetta Elisabeth (1593-1654)
- Anna (1594-1654)
- Magdalena (1595-1633)
- Anna Amalia (1599-1667)
- Juliana (1602, datselde jier ferstoarn)