Loadewyk fan Nassau
Greve Loadewyk fan Nassau (Dillenburg, 10 jannewaris 1538 - Mook, 14 april 1574) wie in jongere broer fan prins Willem fan Oranje. Ek wie Loadewyk de fertrouwensman en sekretaris fan Willem fan Oranje. Dat se in goede bân hienen blykt út de soad korrespondinsje tusken Loadewyk en Willem dy't bewarre bleaun is.
Libben
bewurkje seksjeJonge jierren
bewurkje seksjeLoadewyk fan Nassau wie it seisde bern fan Willem de Rike en it fjirde bern fan dy syn twadde frou grevinne Juliana fan Stolberg. Loadewyk groeide op yn Dillenburg en wie in soad by syn broer Willem, wêrfoar't er tsjinst die as sekretaris. Ek fierde hy de ûnderhannelingen yn Dresden mei keurfoarst Maurits fan Saksen oer it houlik fan Willem mei dy syn dochter Anna fan Saksen.
Tachtichjierrige Oarloch
bewurkje seksjeOan de foarjûn fan de Tachtichjierrige Oarloch wie hy ien fan de lieders fan it Eedferbûn fan Eallju en mei-opsteller fan it Smeekskrift fan de eallju dat it ferbûn oanbea oan lânfâdesse Margareta fan Parma. It smeekskrift om in minder strang rezjym yn de Nederlannen te fieren fûn gjin gehoar, de Spaanske kening Filips II stjoerde yn reaksje troepen ûnder lieding fan de Hartoch fan Alva.
Loadewyk fierde de troepen fan Willem fan Oranje oan by de slach by Heiligerlee, wêr't syn broer Adolf sneuvele. Hjirnei waard hy by de Slach by Jemmingen ferslein troch de troepen fan de Hartoch fan Alva. Troch neaken oer de Iems te swimmen wist hy skraachoan te ûntkommen.
Dêrnei gie hy nei Frankryk wêr't hy diplomatike tsjinsten ferrjochte foar syn broer Willem. Yn Frankryk hied er ek kontakten mei de hugenoaten, benammen mei harren lieder, Gaspard de Coligny. Yn 1569 liedt er in kontingint Hugenoatske troepen by Montcontour. Mar de hugenoaten waarden ferslein en Loadewyk moast Frankryk ûntflechte, wêrnei't er yn de Nederlannen wer tsjinst naam as legeroanfierder.
Doe't de wettergeuzen op 1 april 1572 Den Briel ynnomd hienen, seach hy kâns op 23 en 24 maaie by ferrassing de stêden Valencijn en Bergen (Henegouwen) yn te nimmen (sjoch Besetting fan Bergen). Alva belegere dêrnei Bergen, en by it weibliuwen fan fersterkings (syn bûnsgenoat Gaspard de Coligny, dy't mei in protestantsk leger út Frankryk wei de Spanjerts oanfalle soe, waard yn de Bartholomeüsnacht fermoarde) moat Loadewyk de stêd opjaan. Tegearre mei syn broer Hindrik fierde hy dêrnei de legers oan by de Slach op de Mookerheide, wêr't hy sneuvele.
-
Louis de Nassau, Adriaen Thomasz Key, 1570-1574
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|