Margareta fan Parma

Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.

Margareta fan Parma (Oudenaarde, 5 july 1522 - Ortona, 18 jannewaris 1586) wie lânfâdesse foar Filips II oer de Nederlannen fan 1559 oant 1567, doe't de Hartoch fan Alva nei de Nederlannen stjoerd waard. Sy wie in ûnechte dochter fan Karel V en Johanna Maria fan der Gheynst. Sy wie hartoginne fan Florâns, Parma en Piacenza troch har houlikken.

Margareta fan Parma troch Anthonie Mor

Histoaryske romansBewurkje

Dr. Jane de Iongh skreau oer har de histoaryske roman Madama, Margaretha van Oostenrijk, Hertogin van Parma en Piacenza 1522 - 1586, Querido, Amsterdam, 1967. Ek Jan Siebelink hat in roman Margaretha (2002) oer har libben skreaun.

Keppeling om utensBewurkje