Kamp Amersfoort (Polizeiliches Durchgangslager Amersfoort; PDA) wie ien fan de konsintraasjekampen yn Nederlân yn de Twadde Wrâldkriich. It kamp lei yn oan de súdrâne fan Amersfoart, op de grins mei Leusden.

Kamp Amersfoart
De Wikipedy hat ek in side Slachtoffers Kamp Amersfoart.

Foar de oarloch

bewurkje seksje

It terrein waard yn 1939 yn gebrûk naam as kazernekompleks foar Nederlânske demobilisearre militêren, dy't ynset waarden by de oanlis en ferbettering fan de Grebbeliny en de ferdigeningswurken om Amersfoart hinne.

Durchgangslager en Polizeigefängnis

bewurkje seksje
 
Kampfinzenen, oerbrocht út Vught, by wurk oan de sjitbaan, 1943

Fan 1941 ôf die it kamp tsjinst as Polizeiliches Durchgangslager Amersfoort (PDA) foar de Dútske besetter. It wie in trochgongskamp foar útstjoering nei Dútslân, mar it foldie seker ek oan de kriteriums foar wurkkamp of strafkamp. Op 18 augustus 1941 kamen de earste finzenen, in groep fan hast 200 kommunisten, út kamp Skoarl. It wiene oars net allinne politike tsjinstanners fan it nazyrezjym dy't yn de oarlochsjeirren yn it PDA bedarren. De grutste groep bestie út oppakte ûnderdûkers, meast jongens en manlju dy't oan de Arbeitseinsatz ûntkomme wolle hiene en no yn Amersfoort 'tared' waarden op arbeidzjen yn Dútslân. Ek lju dy't skuldich wiene oan ekonomyske fergripen, lykas swarthannelers en yllegale slachters, kamen yn it kamp telâne.

Yn 1943 waard hast de hiele kampbefolking oerbrocht nei Kamp Vught. Dat wie om in ferbouwing en fergrutting fan Kamp Amersfoart ta Erweitertes Polizeigefängnis Amersfoort mooglik te meitsjen.[1]

Amersfoart wie in wreed ferneamd kamp. Kampbeulen as de SS'er Kotälla wiene der de baas en harren wrede hâlden en dragen waard gjin strie foar de fuotten lein. Der bestie it wenstige systeem mei kapo's – finzenen dy't lieding joegen oan oare finzenen, mar faak wreed foar harren oer wiene. De finzenen moasten swiere arbeid út 'e wei sette hoewol't se mar in bytsje iten krigen.

It kamp foel ûnder de ferantwurdlikens fan Wilhelm Harster, de 2e man ûnder generaal Rauter. Yn it kamp wurken ûnder oaren:

Yn de jierren 1941 oant 1945 hawwe dêr goed 35.000 minsken fêstsitten. Dêrfan waarden sa'n 14.000 trochstjoerd nei (meast Dútske) wurkkampen, en sa'n 5.000 waarden oerbrocht nei oare kampen. Goed 15.000 finzenen binne frijlitten, flechte, deasketten of fan lijen en brekme omkaam. Totaal 650 minsken stoaren troch Dútsk en Nederlânsk geweld.

Under de finzenen wiene ûnder oaren:

Yn 1943 waard de befolking fan it kamp hast hielendal oerbrocht nei Kamp Vught. Dat om reden fan in ferbouwing en útwreiding fan kamp Amersfoart dwaan te kinnen.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Erweitertes Polizeigefängnis Amersfoort, kampamersfoort.nl