Kâlde Kriich

(Trochferwiisd fan Kâlde oarloch)

De Kâlde Kriich is in rite fan diplomatyske spanningen en tûkelteammen tusken 1945 en 1991. De Kâlde Kriich wie net in tradisjonele kriich, mei't de twa fijanlike legers nea tsjin mekoar fochten hawwe. It begryp "Kâld" fan Kâlde Kriich omskriuwt de diplomatike bân tusken de Feriene Steaten fan Amearika en de Sowjetuny nei de Twadde Wrâldkriich. Der wienen in soad minsken benaud foar it útein setten fan in nuklêre kriich, mar dat barde net.

Belutsen lannen

bewurkje seksje
 
Jeropeeske militêre gearwurking (blau) en Sowjet militêre gearwurking (read)

De Feriene Steaten en de Sowjetuny hienen beide in stikmannich lannen dy't har stipen.

Lannen dy't de Feriene Steaten militêr stipen wienen lid fan de NAFO. De lannen dy't militêr gearwurken mei de Sowjetuny wienen lid fan it Warsjaupakt.

Jalta en Potsdam

bewurkje seksje

Oan 'e ein fan de Twadde Wrâldkriich fûn yn de Oekraïne de Konferinsje fan Jalta plak. Dêr petearden de trije lieders fan de machtichste lannen Winston Churchill (Grut-Brittanje), Franklin Roosevelt (Feriene Steaten) en Jozef Stalin (Sowjetuny) oer de takomst fan Jeropa. Wilens dy konferinsje hiene de dielnimmers al spul meiïnoar, omdat it eigen foech foar East-Jeropeeske lannen al faai stie. Fuortendaliks nei de ein fan de Twadde Wrâldkriich begûn de Kâlde Kriich.

Nei de Twadde Wrâldkriich waard der op 8 maaie 1945 in twadde konferinsje, diskear yn de Dútske stêd Potsdam. Hja sprieken dêr oer de takomst fan Dútslân. Se wienen it gau iens oer it denazifisearjen en demilitarisearjen fan Dútslân. De herstelbettelings wienen in tûkelteam. De Feriene Steaten woenen net dat Dútslân tefolle betelje moast, omdat it de Jeropeeske ekonomy skansearje soe. De Feriene Steaten wienen fan betinken dat minsken dy't yn in lân mei in goeie ekonomy libje, net gau foar it kommunisme kieze soene. Elts allieard lân krige in kontrôlesône en koe dêr sels guod weromhelje as herstelbetellings. Presidint Harry S. Truman kaam yn it stee foar Roosevelt dy't ferstoarn wie. Churchill yn 't earstoan wol mei, mar nei de ferkiezingsoerwinning fan de Labour-Partij kaam Clement Attlee foar him yn it plak.

Partsjen fan Dútslân

bewurkje seksje

Yn de ferneamde Fultonspeech fan 5 maart 1946 brocht Winston Churchill it begryp 'the iron curtain' (it izeren gerdyn) op it aljemint. It begryp izeren gerdyn waard it symboal fan West- en East-Jeropa wilens de Kâlde Kriich.

By de gearkomste fan Potsdam wie it wis dat Dútslân yn fjouwer dielen parte wurde soe: in Frânske besettingssône, in Britske en Amearikaanske besettingssône: dy trije sônes soenen yn 1949 de Bûnsrepublyk Dútslân (BRD) wurde. It fjirde diel kaam ûnder Russysk bewâld, en waard de Dútske Demokratyske Republyl (DDR). Dyselde yndieling gou foar de stêd Berlyn. De Dútske gebieten beëasten de Oder en Neisse waarden Poalsk grûngebiet. It easten fan Poalen, waard Russysk grûngebiet. Eastenryk soe parte wurde yn fjouwer besettingssônes; mar yn 1955 koe Eastenryk wer selsstannich wurde mei it betingst om ivich neutraal te bliuwen. Dêrfandinne is Eastenryk hjoed noch hieltyd gjin lid fan de NAFO.

Yn 1961 waard de Berlynske Muorre boud om flechtelingen fan East- nei West-Jeropa op te kearen.

Nei de ein fan de Sowjetuny yn 1991 wie der út it easten wei gjin driging mear. Dat wie de ein fan de Kâlde Kriich.

Keppeling om utens

bewurkje seksje