De term steatsen, ek wol de steatsksinnigen of de Steatske partij neamd, ferwiist nei trije ferskynsels yn 'e Nederlânske skiednis. Yn 'e earste beide gefallen is de beneaming ôflaat fan 'e Steaten-Generaal.

Steatsen as nasjonaliteit bewurkje seksje

De âldste betsjutting fan it begryp omfette de opstannelingen, dy't it yn 'e Tachtichjierrige Oarloch opnamen tsjin it gesach fan 'e Spaanske Kroan yn 'e Nederlannen (en dêrby oanfierd waarden troch de Steaten-Generaal fan de Nederlannen). Yn dy tiid beslacht it begryp steatsen:

Steatsen as politike streaming bewurkje seksje

In nijere betsjutting foar it begryp 'steatsen' of 'steatsksinnigen' ûntstie yn 'e Republyk fan 'e Feriene Nederlannen foar de politike streaming dy't op 'e hân wie fan 'e Steaten-Generaal, yn tsjinstelling ta de oranjesinnigen of prinselju dy't op 'e hân wie fan 'e steedhâlders út it Hûs Oranje-Nassau. Dy steedhâlders wreiden nammentlik geandewei harren macht hieltyd fierder út yn it neidiel fan 'e Steaten-Generaal. Dat proses late ferskate kearen ta gewelddiedige botsings tusken oanhingers fan 'e beide partijen, lykas yn 1672, doe't Johan en Cornelis de Witt, lieders fan 'e steatsksinnige partij, lyncht waarden troch in oranjesinnige kliber. Uteinlik kamen oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw út 'e steatsksinnigen de Patriotten fuort.

Steatsen yn 'e skoalstriid bewurkje seksje

In trêde betsjutting fan it begryp 'steatsen' hie te krijen mei de skoalstriid. Yn dat ferbân wie de term synonym mei 'iepenbier'. Iepenbiere legere skoallen waarden, alteast yn Fryslân, oant fier yn 'e tweintichste iuw oantsjut as 'steatsskoallen', en de skoalbern dy't nei dy skoallen giene, wiene 'de steatsen'.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.