De skoalstriid yn Nederlân wie in sterk ideologysk laden wrakseling yn it 19e-iuwske en 20e-iuwske Nederlân, benammen tusken 1848 en 1917, oer de foarm dy't it ûnderwiisbestel krije moast. Dizze striid hat úteinlik laat ta gelykstelling fan it bysûnder ûnderwiis en it iepenbier ûnderwiis. Nei It Réveil waard it ferlet fan kristlik ûnderwiis hieltyd grutter, fral nei de ynfiering fan de ûnderwiiswet fan 1857, dy't foarskreau dat it iepenbier ûnderwiis neutraal wêze moast, mar ek de mooglikheid ta it stiftsjen fan bysûndere skoallen joech.

Fazes fan de skoalstriid

bewurkje seksje

Frijheid fan ûnderwiis (1806-1857)

bewurkje seksje

Nei de Frânske tiid (1795-1813) hinge men yn Nederlân oer nei nasjonale wetjouwing. Oant de Franske tiid wienen de goaen fan de Republyk sa'n bytsje selsstannich. Begjin 19e iuw komme der ferskillende wetten op it mêd fan ûnderwiis. It belang fan de skoalstriid wurdt dúdlik út de ûnderwiiswet út 1806. Dizze wet befette ûnder mear de neifolgjende saken:

  • It ûnderwiis is iepenbier en rjochtet har op de ontwikkeling fan alle maatskiplike en kristlike deugden.
  • Ortodoks kristlik ûnderwiis of katolyk ûnderwiis wie net mooglik. Op alle skoallen waard it kristendom foarstien los fan in leauwensrjochting, mar wie foar dy tiid sterk liberaal-frijsinnich oriïntearre.
  • It oprjochtsjen fan oan in tsjerke bûne skoalle of skoallen mei in dúdlik ortodoks-kristlike of katolike fyzje wie yn prinsipe net tastien.
  • De finansiering fan it ûnderwiis moast fral fan it skoallejild komme. Oerheden droegen net sa folle by oan it bekostigjen fan it ûnderwiis.
  • Der wie gjin learplicht. Der waard allinne op oanstien de bern skoalgean te litten. Yn in grut part fan it lân bleau it analfabetisme bestean.

Tsjin dit stelsel fan ûnderwiisfoarsjenning kaam al rillegau ferset. Isaäc da Costa hat yn 1823 yn syn Bezwaren tegen de Geest der eeuw dit stelsel bekritisearre út reden fan it godstsjinstich útgongspunt. Yn 1834 waard yn Smilde in ortodoks-kristlike skoalle stifte, mar dy waard fan hegerhân ferbean. Yn it suden hiene de katoliken ek hieltyd mear muoite mei it frijsinnich-protestantske karakter fan de iepenbiere skoallen en ek dêr waakste de tsjinsin tsjin it stelsel fan ien skoalle foar alle bern. Yn Nymwegen waard lang om let, mei in soad muoite, de earste erkende ortodoks-kristlike skoalle oprjochte, ûnder lieding fan de lettere minister Justinus Jacob Leonard van der Brugghen. yn de grûnwet fan 1848 waard de frijheid fan ûnderwiis, ûnder lieding fan Johan Rudolph Thorbecke, opnaam. De grûnwet fan 1848 formulearre dat sa:

Het geven van onderwijs is vrij, behoudens het toezigt der overheid, en bovendien, voor zoover het middelbaar en lager onderwijs betreft, behoudens het onderzoek naar de bekwaamheid en zedelijkheid des onderwijzers; het één en ander door de wet te regelen.

Hjimei einige de earste faze fan de skoalstriid. Elts krige de frijheid om yn it ramt fan deugdlikheidseasken in eigen skoalle te stiftsjen. Net eltse skoalle krige lykwols likefolle út de skatkiste; dêroer gie de skoalstriid yn de twadde helte fan de 19e iuw.

Yn 1857 ûntstiet de Underwiiswet fan 1857 yn Nederlân.

Oerheidsjild foar it bysûnder ûnderwiis (1848-1889)

bewurkje seksje

De skoalstriid, dy't in dikke iuw duorre hat, roan úteinlik út yn in ûnderwiisstelsel dat ûnderskied makke tusken iepenbiere en bysûndere skoallen. De iepenbiere skoallen wie it iepenbier bestjoer ferantwurdlik foar (gemeenten en ryk). De bysûndere skoallen foelen ûnder de ferantwurdlikens fan skoalbestjoeren, dy't út de âlden bestiene. De skoalstriid mûne der lang om let yn út dat de âlden frij wiene om skoallen op te rjochtsjen en yn te rjochtsjen sa't hja woenen en dat dizze skoallen finansjeel besjoen lyk steld waarden mei iepenbiere skoallen. Dat lêste kaam ta stân yn 1917 en krige foar it basisûnderwiis stal yn de Wet op it Leger ûnderwiis fan 1920 (de LU-wet fan 1920).

De anti-revolúsjonêre politikus Groen van Prinsterer (1801-1876) en letter Abraham Kuyper hat hjirby in wichtige rol spile. Groen van Prinsterer rjochte de Feriening foar Kristlik Nasjonaal Skoalleûnderwiis (CNS) op. It doel fan dizze feriening wie om jild te garjen om dêrmei bysûndere skoallen oprjochtsje te kinnen. De politike striid waard troch Abraham Kuyper fuortset en hy wie de oprjochter fan it Anti-Skoallewet Ferbûn. Letter is dêrút de Anti Revolúsjonêre Partij ûntstien.

Finansjele lykstelling en ûnderwiispasifikaasje (1889-1917)

bewurkje seksje

Tusken 1888 en 1917 wie it fraachstik fan de finansiering fan it bysûnder ûnderwiis de grutste politike tsjinstelling yn Nederlân. Dizze skieding, de antiteze skiede konfesjonele partijen sa as de katolike Algemene bond en de protestantske Anti Revolúsjonêre Partij en Kristlik-Histoaryske Uny oan de iene kant en sekuliere partijen (benammen liberalen) oan de oare kant. De konfesjonele partijen wienen foar it yn it lyk stellen fan it bysûnder ûnderwiis, de sekulieren wienen tsjin.

Nei in lange politike en maatskiplike striid waard úteinlik yn 1917 de finansjele lykstelling berikt; alle politike streamingen wienen it dêr doe oer iens. Yn artikel 23 fan de Grûnwet is dizze lykstelling fêstlein. Alle typen skoallen koenen doe deselde oerheidssubsydzje krije.

Artikel 23 fan de Nederlânske grûnwet

bewurkje seksje
  1. Het onderwijs is een voorwerp van de aanhoudende zorg der regering.
  2. Het geven van onderwijs is vrij, behoudens het toezicht van de overheid en, voor wat bij de wet aangewezen vormen van onderwijs betreft, het onderzoek naar de bekwaamheid en de zedelijkheid van hen die onderwijs geven, een en ander bij de wet te regelen.
  3. Het openbaar onderwijs wordt, met eerbiediging van ieders godsdienst of levensovertuiging, bij de wet geregeld.
  4. In elke gemeente wordt van overheidswege voldoende openbaar algemeen vormend lager onderwijs gegeven in een genoegzaam aantal scholen. Volgens bij de wet te stellen regels kan afwijking van deze bepaling worden toegelaten, mits tot het ontvangen van zodanig onderwijs gelegenheid wordt gegeven.
  5. De eisen van deugdelijkheid, aan het geheel of ten dele uit de openbare kas te bekostigen onderwijs te stellen, worden bij de wet geregeld, met inachtneming, voor zover het bijzonder onderwijs betreft, van de vrijheid van richting.
  6. Deze eisen worden voor het algemeen vormend lager onderwijs zodanig geregeld, dat de deugdelijkheid van het geheel uit de openbare kas bekostigd bijzonder onderwijs en van het openbaar onderwijs even afdoende wordt gewaarborgd. Bij die regeling wordt met name de vrijheid van het bijzonder onderwijs betreffende de keuze der leermiddelen en de aanstelling der onderwijzers geëerbiedigd.
  7. Het bijzonder algemeen vormend lager onderwijs, dat aan de bij de wet te stellen voorwaarden voldoet, wordt naar dezelfde maatstaf als het openbaar onderwijs uit de openbare kas bekostigd. De wet stelt de voorwaarden vast, waarop voor het bijzonder algemeen vormend middelbaar en voorbereidend hoger onderwijs bijdragen uit de openbaar kas worden verleend.
  8. De regering doet jaarlijks van de staat van het onderwijs verslag aan de Staten-Generaal.

De frijheid fan ûnderwiis, dat in ynternasjonaal erkend grûnrjocht is, stiet yn artikel 23 lid 2. De finansjele gelykstelling fan iepenbiere en bysûndere skoallen, dat in typysk Nederlâns ferskynsel is, stiet yn artikel 23 lid 6 en lid 7. De ynhâld fan artikel 23 stiet op it punt fan yn it finansjeel lyk stellen sterk ter diskusje.

Yn 2003 is in politike diskusje ûntstien, mei troch de oprjochting fan islamityske skoallen, oft dizze finansjele gelykstelling wol hanthavene bliuwe moast. It giet dan fral oer de fraach oft it bestean fan it bysûnder ûnderwiis yn 't algemien en de islamityske skoallen yn 't bysûnder wol of net helpt by de yntegraasje fan allochtoanen yn de Nederlânske mienskip.