Museum Flehite
Museum Flehite is it histoaryske museum foar Amersfoart en Iemlân. Museum Flehite makket mei it Armando Museum, Keunsthal KAdE, it Mondriaanhûs en it KAdE Arsjitektuersintrum diel út fan de Stichting Amersfoort in C.
Skiednis
bewurkje seksjeIt is yn 1880 oprjochte troch de Aldheidkundige Feriening Flehite (1878), de namme komt fan it âlde goa Flehite (of eigentlik Flethite). Yn 1890 waard it earste fan de hjoeddeiske trije gebouwen oan de Breestrjitte ynrjochte. Sûnt 1976 wurdt it museum beheard troch in aparte stichting.
Fan 2007 oant 2009 wie it museum sluten yn ferbân mei de ûntdekking (en it weiheljen fan) asbest, en dêrnei in grutte ferbouwing. Oant dy tiid waarden de tentoanstelling op oare plakken hâlden. Op 16 maaie 2009 gie it wer iepen foar publyk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |