Sintraalspoarwei
Sintraalspoarwei Utert - Kampen | |
---|---|
Totale lingte | 100,9 km |
Spoarwiidte | normaalspoar 1435 mm |
Oanlein troch | NCS |
Iepene Utert - Hattemerbroek: 20 augustus 1863 Hattemerbroek - Swol: 6 juny 1864 Swol - Kampen: 10 maaie 1865 | |
hjoeddeistige status | yn gebrûk |
Elektrifisearre Utert - Amersfoart: 1942 Amersfoart - Swol: 1952 Swol - Kampen: 2017 | |
Tal spoaren Utert - Spoarweiknooppunt Blauwkapel: 4 Spoarweiknooppunt Blauwkapel - Swol: 2 Swol - Kampen: 1 | |
Baanfakfaasje Utert - Wezep: 140 km/o (boog Harderwyk: 110 km/o) Wezep - Swol : 130 km/o Swol - Swol Stadshagen: 140 km/o Swol Stadshagen - Kampen: 100 km/o | |
Befeiliging | |
omgrinzingsprofyl | OPS-NL / G2 |
Beladingsklasse D4 (by 100 km/o) op Utert - Swol C2 op Swol - Kampen | |
Treintsjinst troch | NS (Utert - Swol) Keolis (Swol - Kampen) |
Trajekt | |
De Sintraalspoarwei is de spoarline fan stasjon Utert Sintraal nei Kampen, fia Amersfoart Sintraal en Swol. De spoarline is yn de jierren 1860 oanlein troch de Nederlandsche Centraal-Spoorweg-Maatschappij (NCS). It stik tusken Amersfoart en Swol stiet ek wol bekend as Feluweline en it stik tusken Swol en Kampen wurdt ek wol it Kamperlyntsje neamd.
Skiednis
bewurkje seksjeIt trajekt Utert - Amersfoart – Hattemerbroek waard iepene op 20 augustus 1863. In jier letter wie de bou fan de Iselspoarbrêge by Hattem ree en waard de spoarline trochlutsen nei Swol. Op 6 juny 1864 waard it trajekt offisjeel yn gebrûk naam. It oerbliuwende trajekt Swol – Kampen folge op 11 maaie 1865. De kosten foar de oanlis fan it lêste part waarden foar in part troch de NCS droegen en foar in part troch de gemeente Kampen. De gemeente Kampen lei sa'n ƒ300.000 yn. Foar dizze gigantyske som jild, dy't hast de helte fan 'e ynvestearringen dutsen, waard der oan 'e oare kant ôfpraat dat de treinen út Utert altyd trochrinne soene nei Kampen. Dit smiet yn de praktyk problemen op, trochdat men fanwegen de yndieling op it stasjon Swol kop meitsje moatte soe. Dat wie net frjemd foar stasjon Swol, oant de gearfoeging fan de Steatsspoarwegen en de NCS wie it in dûbeld kopstasjon, foar de rjochtingen stasjon Kampen - stasjon Utert-Sintraal en stasjon Arnhim Sintraal - stasjon Ljouwert. Al gau waard de line splitst yn in apart part Kampen – Swol en Swol – Utert. Yn 1919 naam de Steatsspoarwegen de eksploitaasje fan de NCS oer. De SS wie twa jier dêrfoar al in belangemienskip mei de HIJSM oangien. De NCS gie yn 1934 hielendal op yn de NS.
It trajekt Utert - Amersfoart waard yn 1942 elektrifisearre. Tsien jier letter wie ek it trajekt Amersfoart - Swol mei elektrysk materieel berydber. It trajekt Swol - Kampen waard net elektrifisearre en bleau in los lyntsje mei diseltraksje.
Yn de jierren tachtich en njoggentich binne der op parten fan it trajekt spoarferdûbelingen realisearre. De projekten kamen út it mar beheind útfierde Rail-21- plan fan de NS. De projekten waarden tusken 1988 oant 1998 yn fazen realisearre. It doel wie om de knyppunten yn de ferbining Utert – Amersfoart foar sawol intercityferkear as oare treintsjinsten ûndien te meitsjen. De trajekten binne hjirby fjouwersporich makke. Fierder waarden der ferskate ûngelikense krusingen en twa fly-overs boud. Troch dizze fly-overs kin it reguliere treinferkear by Blaukapel en Amersfoart Oansluting sûnder lykflierse krusings ôfwikkele wurde.
Bysûnder oan de spoarline is de "knik" dy't efkes foar stasjon Harderwyk yn de line leit. Dit is ien fan de skerpste bochten yn it Nederlânske spoarnet (sjoch ek it trajektkaartsje by dit artikel).
Stasjons en gebouwen
bewurkje seksje(kursyf: earder stasjon)
Stasjon | Iepene | Hjoeddeistich gebou | |
---|---|---|---|
Utert Sintraal | 1843 | 2012, 4e gebou, unyk ûntwerp fan Benthem en Crouwel. | |
Utert Buertstasjon | 1904 | Gjin, gebou sloopt yn 1937, stasjon sletten yn 1937. | |
Amsterdamsche Straatweg | 1895 | Gjin, stasjon sletten yn 1923 | |
Fechtbrêge | 1895 | Gjin, stasjon sletten yn 1923 | |
Utert Overvecht | 1968 | 1995, 2e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt Laboyrie. | |
Blauwkapel | 1895 | Gjin, stasjon sletten yn 1928 | |
Groenekansche dijk | 1863 | Gjin, stasjon sletten | |
Bilthoven | 1863 | 1901, 2e gebou | |
Den Dolder | 1895 | 1e gebou | |
Soestduinen | 1863 | 1e gebou, NCS 2e klasse, stasjon sletten yn 1998 | |
De Vlasakkers | 1895 | Gjin, stasjon sletten yn 1938 | |
Amersfoart Sintraal | 1901 | 1997, 2e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt van Belkum. | |
Amersfoart NCS | 1863 | 1e gebou, NCS 1e klasse, stasjon sletten yn 1904 | |
Lytse Koppel | 1905 | Gjin, stasjon sletten yn 1938 | |
Bloemendaalscheweg | 1901 | Gjin, stasjon sletten yn 1905 | |
Amersfoart Schothorst | 1987 | 1e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt Bak. | |
Liendert | 1901 | Gjin, stasjon sletten yn 1926 | |
Hooglanderveen | 1863 | Gjin, stasjon sletten yn 1938 | |
Amersfoart Vathorst | 2006 | 1e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt Megens. | |
Hoevelaken | 1905 | Gjin, stasjon sletten yn 1938 | |
Slichtenhorst | 1863 | Gjin, stasjon sletten yn 1931 | |
Nijkerk | 1863 | 1e gebou, NCS 1e klasse | |
Diermen | 1863 | Gjin, stasjon sletten yn 1926 | |
Hooge Steeg | 1863 | Gjin, stasjon sletten yn 1930 | |
Bijsteren | 1863 | Gjin, stasjon sletten yn 1930 | |
Putten | 1863 | 1929, 2e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt Schelling. | |
Volenbeek | 1902 | Gjin, stasjon sletten yn 1926 | |
Ermelo | 1882 | 1897, 2e gebou | |
Horst-Tonsel | 1913 | Gjin, stasjon sletten yn 1924 | |
Harderwyk | 1863 | 1983, 2e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt van der Gaast. | |
Hulshorst | 1863 | 1e gebou, lyts gebouke, stasjon sletten yn 1987 | |
Nieuw Groeneveld | 1909 | Gjin, stasjon sletten yn 1925 | |
Nunspeet | 1863 | 1906, 2e gebou | |
't Harde | 1863 | Gjin, gebou sloopt yn 2005 | |
Oldebroek | 1863 | Gjin, stasjon sletten yn 1869 | |
Wezep | 1863 | Gjin, gebou sloopt yn 2002 | |
Hattemerbroek | 1863 | Gjin, gebou sloopt yn 1975, stasjon sletten yn 1946. | |
Swol | 1864 | 1866, 2e gebou, type SS earste klasse | |
Swol Stadshagen | 2019 | Gjin | |
Mastenbroek | 1865 | Gjin, gebou sloopt yn 1970, stasjon sletten yn 1933. | |
Kampen | 1865 | 1911, 2e gebou, |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|