Stasjon Nunspeet
Stasjon Nunspeet (Ns) is in spoarweistasjon yn de Nederlânske doarp Nunspeet yn de provinsje Gelderlân. En waard iepene yn 1863 oan de Sintraalspoarwei (Utert-Sintraal - Kampen).
Stasjon Putten station Putten | ||
Stasjon Nunspeet yn 2008 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Gelderlân | |
Gemeente | Nunspeet | |
plak | Nunspeet | |
adres | Stationsplein 10 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Ns | |
iepening | 20 augustus 1863 | |
boujier | 1863 1e stasjonsgebou 1906 2e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1930 1e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1863 N.J. Kamperdijk 1e stasjonsgebou 1906 Arsjitekt ûnbekent 2e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 1 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Sintraalspoarwei | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Gebou
bewurkje seksjeIt oarspronklike spoarweistasjon fan Nunspeet wie in standertstasjon fan de NCS, in stasjon fan it type tredde Klasse, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw, en wie ien fan de trije stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud wie. It gebou, wie ûntwurpen troch de arsjitekt Nicolaas Johannes Kamperdijk (1815 - 1887). It stasjon waard sûnt de iepening meardere kearen ferboud. Yn 1876 útwreide en yn 1892 waarden de platte dakken fan de beide fleugels ferfongen troch in brutsen dak. It earste stasjongsgebou waard ôfbrutsen yn 1930.
It de stasjonsfunksje fan it earste stasjonsgebou waard yn 1906 ferfongen troch in twa nije geboukes ûnder in oerkaping op it perron, it oarspronklike stasjonsgebou bleau noch oant 1930 yn gebrûk as wenhûs. Yn it foarste gebou komme loketten en in frachtôfdieling en yn it achterste gebou de wachtromten en húskes. Yn 1960 is it foarste gebou yngreven ferboud. Sa komt der in nije yngong wêrby't ek in part fan de sydmuorren op ienfâldige wize werboud binne. By de ferbouwing is de frachtôfdieling sloopt. It oare gebou bliuwt foaral oan de bûtenkant noch foar in grut part yn de oarspronklike steat bewarre.
Treinferbinings
bewurkje seksjeSearje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
5600 | Sprinter (NS) | Utert Sintraal – Amersfoart Sintraal – 'Nunspeet – Swol |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|