Stasjon 't Harde (Hde) is in spoarweistasjon yn it Nederlânske doarp 't Harde yn de gemeente Elburch yn de provinsje Gelderlân. En waard iepene yn 1863 oan de Sintraalspoarwei (Utert-Sintraal - Kampen).

Stasjon 't Harde
station 't Harde
Stasjon 't Harde yn 2019
Stasjon 't Harde yn 2019
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Gelderlân
Gemeente Elburch
plak 't Harde
adres Eperweg 1291r
arsjitektuer
stasjonskoade Hde
iepening 20 augustus 1863
boujier 1863 1e stasjonsgebou
1979 2e stasjonsgebou
sloopjier 1979 1e stasjonsgebou
2005 2e stasjonsgebou
arsjitekt 1911
N.J. Kamperdijk
1e stasjonsgebou
1979
C. Douma
2e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 3
spoarline Sintraalspoarwei
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon 't Harde (Gelderlân)
Stasjon 't Harde
 
1e stasjonsgebou stasjon 't Harde yn 1973
 
2e stasjonsgebou stasjon 't Harde yn 1980

It oarspronklike spoarweistasjon fan 't Harde wie in standertstasjon fan de NCS, in stasjon fan it type twadde Klasse, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw, en wie ien fan de twa stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud wie. It gebou, wie ûntwurpen troch de arsjitekt Nicolaas Johannes Kamperdijk (1815 - 1887). Yn 1903 fergrutte mei oan wjerskanten in fleugel, De linkerfleugel waard brûkt foar fracht en de rjochterfleugel befette de wachtromte 3e klasse. It earste stasjongsgebou waard ôfbrutsen yn 1979.

It stasjon waard yn 1979 ferfongen troch in nij gebou nei ûntwerp fan arsjitekt Cees Douma. In lyts geboutsje mei in opfallend tsjok dak mei ôfrune rânen. It nije geboutsje wie better keppele oan reizgerstunnel. It twadde stasjonsgebou waard yn 2005 ôfbrútsen en ferfongen troch in tal abry's, de tunnel is al behâlden bleaun. It stasjon hat gjin liften, reizgers mei in rolstoel kinne it twadde perron berikke fia de oerwei yn de Eperweg en de P+R.

Treinferbinings

bewurkje seksje
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
5600 Sprinter (NS) Utert SintraalAmersfoart Sintraal – 't HardeSwol

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: