Stasjon Den Dolder

Stasjon Den Dolder (Dld) is in stasjon oan de Sintraalspoarwei yn Den Dolder yn de gemeente Seist yn de provinsje Utert. It waard iepene op 1 jannewaris 1895, en waard oant 1 maaie 1912 "stopplak Dolderscheweg" neamt.

Stasjon Den Dolder
station Den Dolder
Stasjon Den Dolder yn 2008
Stasjon Den Dolder yn 2008
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Utert
Gemeente Seist
plak Den Dolder
adres Fornheselaan 50
arsjitektuer
stasjonskoade Dld
iepening 1 jannewaris 1895
boujier 1914
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 40409
oare ynformaasje
perrons 1
perronspoaren 2
spoarline Sintraalspoarwei
Stichtse Line
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Den Dolder (Utert)
Stasjon Den Dolder

Yn 1914, njoggentjin jier nei iepening fan it stasjon en twa jier nei't it fan stopplak promovearre wie ta stasjon, krige it Stasjon Den Dolder in stasjonsgebou. It rjochthoekige gebou dat op it perron stiet, bestiet út lege bakstiennen muorren mei dêrboppe suver allinnich hout en in protte glês. It sealtek stekt oan beide siden sadanich út dat it as perronoerkaping funksjonearret. Efter it stasjonsgebou stiet noch in gebouke mei húskes en opslachromte. It gebouke hat deselde foarm as it haadgebou mar is hast hielendal yn bakstien útfierd.

Treinferbinings

bewurkje seksje
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
5500 Sprinter (NS) Utert SintraalDen DolderBaarn Rydt jûns en yn it wykein 1 x yn 'e oere.
5600 Sprinter (NS) Utert SintraalDen DolderAmersfoart Sintraal - Swol

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: