Benninkmûne

De Benninkmûne is in nôtmûne oan 'e Varsseveldseweg yn Doetinchem, Gelderlân.

Benninkmûne
bouwurk
Benninkmûne, Doetinchem.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag of Gelderland.svg Gelderlân
plak Flag of Doetinchem.svg Doetinchem
adres Varsseveldseweg 252
bysûnderheden
type bouwurk Nôtmûne
boujier 1921
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 13087 [1]
offisjele webside
Side 'Doetinchemse Molens'

De mûne waard yn 1921 boud mei gebrûk fan materjaal fan in mûne út Zelhem en ferfong in grûnsiler út 1856 op itselde plak.

Eartiids hie de mûne selsswichting op in binnenroede. Yn de rin fan de tiid rekke de mûne, dy't oarspronklik de Velsmûne hiet, brekfallich. It kaam op in stuit sels safier, dat de mûne foar de lokale brânwar brûkt waard om op te oefenjen.

Nei't de gemeente Doetinchem de mûne kocht folge yn de jierren 1979-1980 in restauraasje. De mûne krige doe de hjoeddeiske namme en waard ferneamd nei de mûndersfamylje. Tiisdeis en sneons wurdt de mûne fan 09:00 tot 15:00 oer oan it wurk set.

De Benninkmûne is in stellingmûne op in mitsele ûnderbou. De flecht fan de mûne is 23,10 meter en de roeden binne útrisd mei âld-hollânsk hekwurk. De ynrjochting bestiet út twa koppel mealstiennen.

Keppeling om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: