Wiebe Bergsma

Frysk histoarikus

Wiebe Bergsma (Haulerwyk, 2 maart 1955 - Ljouwert, 28 juny 2015[1]) wie in Frysk histoarikus.

Bergsma studearre yn 1981 ôf as kultureel antropolooch en histoarikus oan de Ryksuniversiteit Grins en wie sûnt 1985 ferbûn oan 'e Fryske Akademy as histoarikus foar de iermoderne tiid.

Bergsma hat tsientallen publikaasjes op syn namme brocht. Under oaren oer hoe't it kalvinisme him nei de reformaasje yn Fryslân ûntjoech, iermoderne gelearden en it hoflibben en de stêdlike kultuer yn Ljouwert yn de Gouden Iuw.

Hy wie lid fan de Fryske Akademy en fan de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde. Njonken dat wie er lange tiid redakteur by it Tijdschrift voor Nederlandse Kerkgeschiedenis.

  • Tussen Gideonsbende en publieke kerk. Een studie over het gereformeerd protestantisme in Friesland, 1580-1650 (Utjouwerij Verloren, 1999)
  • Gelovigen, dominees en geleerden. Opstellen over Friese en Nederlandse geschiedenis in de vroegmoderne tijd. Postúm bondele wurk ûnder redaksje fan Klaas van Berkel, Hans Cools, Hans Mol. (Utjouwerij Verloren, 2019)

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Klaas van Berkel: 'Levensbericht Wiebe Bergsma'. In: Jaarboek van de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde te Leiden , 2015-2016, pag. 43-54
  • Wiebe Bergsma† Historicus Fryske Academy overleden, Frysk Deiblêd s. 21, 1 july 2015.
  1. Wiebe Bergsma overleden op www.mensenlinq.nl