Strjitten yn Haulerwyk
Wikimedia-list
De Strjitten yn Haulerwyk:
Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y
- Beumerstrjitte - Dokter Cornelis Wilhelmus Beumer (1894-1985) hat in soad foar it doarp dien. Hy wie de earste húsarts en fêstige him yn 1925 yn Haulerwyk
- Bjirkenwei - Bjirken stiene en steane oan de râne fan in heidefjild. Dizze wei foarmet de ôfskieding fan it kompleks.
- Blauwe Bosk - de Blauwe Bosk is neamd nei de kleur fan de nuddelbeammen dy't der groeie.
- De Leije - in stik grûn ta kultuergrûn makke dalgrûn. It lei meastentiids tusken twa wiken.
- De Splitting - in splitting is in wide slûf dy't by de ûntginning troch it fean lutsen wurdt; yn de midden dêrfan komt de wyk te lizzen. By de ferhier fan feanputten waard dizze namme eartiids in soad brûkt.
- Easterwâldskewei - wei nei Easterwâlde.
- Elleboogsfeart - fan de Elleboogswyk.
- Ericastrjitte - nei Erica as heideplant.
- Gerrit de Vriesstrjitte - Gerrit de Vries (1835-1926) wie mei-oprjochter (1871) en presidint fan de Feriening foar Pleatslik belang. Hy wie ek de stifter fan de baptistegemeente.
- Groot-Nibbelinkstrjitte - Dûmny Groot-Nibbelink (1858-1928) wie 33 jier grifformeard dûmny yn Haulerwyk en hat in soad foar de befolking fan Haulerwyk dien.
- Haadwei Boppe - boppe wiist op it hichteferskil mei it oare diel fan de haadwei.
- Holdert - holdert bestjut 'ein fan it wurk, skoft, ophâlde te wurkjen'
- It Deiwurk - in deiwurk is de mjitte dêr't de feanarbeiders nei betelle waarden.
- Ikensingel - de wei is noch altiten ticht begroeid mei iken.
- Jongebloedstrjitte - Master Jongebloed (1887-1978) wie haad fan de skoalle fan 1917-1936.
- Koudenburgerwei - wei nei de sate Koudenburch. Dy wie yn 1882 ± 200 ha.
- Koumansburch -
- Laweistrjitte - in lawei is in 30-40 foet hege peal yn it fean. Boppe-oan de peal siet in "wip" dêr't in koer of taap oan hong. Mei de stân waard de ein fan it wurk oanjûn. As de stok nei ûnderen ta hong: 'ein fan it wurk' en stok omheeech 'oan it wurk'). Lawei soe fan lawaai komme, as der skoft wie joech dat in soad leven.
- Leeksterwei - dyk nei De Like ta.
- Loswâl - om de turf yn en út de skûten te laden.
- Master van Ekstrjitte - Harm Thomas van Ek (1866-1923) wie skoallehaad.
- Master Voortmanstrjitte - Roelof Jan Voortman wie twadde haad fan de cvo-skoalle fan 1 septimber 1935-31 maart 1948. Wie oprjochter fan de Neutrale Oranjeferiening, foarsitter fan de begraffenisferiening, kommandant O.D. en letter de Binnenlânske Striidkrêften te Haulerwyk.
- Meidoornleane - hiet earder de Heinewyk (1821), letter (1875) waard it de Aemenwyk neamd, dêrnei de Eilertswyk en no Meidoornwyk. Meidoorn is dit Nederlânske namme foar hagedoarn.
- Molewei - Yn Haulerwyk hawwe twa mûnen stien. De iene wie fan Ritsema dy't by de brêge stie. De oare wie fan Van der wal en stie op de hichte fan Haadwei-Boppe.
- Norgerwei - de dyk nei Norg.
- Opsjennerswei - nei de opsjenner by de feanterij.
- Pream - nei it platte fartúch Pream, dêr't turf mei fefierd waard. Der waard meastentiids boomd.
- Sinnedaustrjitte - sinnedau is in fleisitende plant dy't op feangrûn groeit.
- Sinnehiem - nei it fersoargingshûs.
- Skiedingsreed - grinswei tusken De Haule en Haulerwyk.
- Skiedingswei
- Skipper - begryp út de feanterij.
- Slinke - folksnamme.
- Slotemaker de Bruinewei - dûmny Slotemaker de Bruïne stie fan 1894-1897 yn Haulerwyk.
- Smidsleantsje - Op de hoeke Haadwei-Boppe en bedoelde leane wenne in smid, Jan Dermoais, yn de folksmûle Jan Kak neamd.
- Snikke - plat fartúch de Snikke, mei seil.
- Stienpoel - in feanplasse dy't dêr wie.
- Tjibbe van den Bergstrjitte - Tjibbe van den Berg (1888) wie timmerman en letter oannimmer. Ek bestjoerslid fan de Foarútgong, mei-oprjochter fan de Boerelienbank. Hy wie ien fan de earste troch de gemeente beneamde frijwillige brânmasters. Boppedat wie er lid fan de P.W. Janssenstifting.
- Tsjerkestrjitte -
- Trekfeart - feart mei in jaachpaad derneist om mei help fan in hynder, of de skippersfrou yn de beage, in skip foarút te lûken.
- Turfstekker - ien dy't turven op de goede maat stekt.
- Valckenierswei - Valckeniers Hutte wie in hutte dêr't falkeniers tahâlden.
- Van der Meistrjitte - Wietze van der Mei wie ûnderwizer oan de iepenbiere legere skoalle fan Haulerwyk. Hy wie foarsitter fan de Foarútgong en oprjochter fan de Boerelienbank, in manljuskoar en it kristlike muzykkoar "Excelsior".
- Zuidemastrjitte - Jan Willem Zuidema (1805-1875) wie haad fan de skoalle.