Aekingersân
(Trochferwiisd fan Keale Dunen)
It Aekingersân is in grut gebiet mei sânferstowings, dat diel útmakket fan it Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld. It Aekingersân leit tichtby Appelskea yn it grinsgebiet mei Drinte.
Gebieten mei stosân komme net folle foar yn Nederlân. It Aekingersân (ek wol de Keale Dunen neam) is ien fan dy gebieten. Omdat troch bebosking it stosânkarakter ferlern drige te gean hat Steatsboskbehear besluten om 200 ha bosk te kappen. In kudde skiep soarget foar it begerskjen fan de heide yn it gebiet. Presys op de provinsjegrins mei Drinte leit de Grinspoel, in heidemarke oan de râne fan it stosângebiet.
Oan de râne fan it gebiet stiet in útsjochtoer, dy’t yn 1995 boud is troch learlingen fan it 'Bysûnder Jeugdwurk Aekinga' út Appelskea.