De Geitefok is de âldjiersploech fan Aldeberkeap. It is de âldste feriening yn syn soart, de ploech waard stifte yn 1945. Leden fan De Geitefok wurde Geitefokkers neamd.

De leden fan De Geitefok binne manlju yn de houbere leeftyd dy't noch net troud binne. De klaaiïng fan De Geitefok bestiet út in blauwe broek en kile, giele klompen, in swarte pet en in reade bûsdoek om 'e hals. Om de nekke hawwe hja in keatting mei in aaisdop, bierfiltsje, flesse-iepener en oare fersierings.

Yn desimber set de feriening in krystbeam yn de midden fan it doarp. Troch it jier hinne organisearret De Geitefok ferskate aktiviteiten. Yn it ferline hat de âldjiersploech in tal kearen in peaskefjoer organisearre. Ek wurdt alle jierren healwei desimber Kleintje Geitefok organisearre, fêst in foarpriuwke foar it nijjiersfeest.

Yn de midden fan Aldeberkeap stiet in stânbyld fan in geit, 'Snoesje' neamd. It byld waard yn 1971 troch De Geitefok oan it doarp oanbean nei oanlieding fan it 25-jierrich bestean fan de ploech en is fan de hân fan keunstner Henk Belkega.

Doelstellings

bewurkje seksje

De Geitefok set harren yn foar de mienskip fan Aldeberkeap.

Doelstellings fan De Geitefok binne:

  • It jaan fan omtinken oan ferienings en ynstellings fan it doarp en somtiden ek oan persoanen troch it jaan fan kado's.
  • It soarchjen foar positive oandacht foar it doarp troch it útfieren fan in ludike stunt om âldjiersdei hinne.

Om it âldjierfeest hâlde te kennen en de ferienings en ynstânsjes yn it doarp in kado jaan te kennen geane de Geitefokkers oan de ein fan it jier, meastentiids oan de begjin fan desimber, lâns de doarren om jild yn te sammeljen.

As âldste âldjiersploech fan it lân hat de feriening al in lange skiednis fan it útheljen fan stunts. Sa hie De Geitefok yn 1961 it Swurd fan Grutte Pier ûntfytmanne. Yn 1962 waarden ferskate stunts úthelle, wêrûnder it fuortheljen fan de klokken út it tydlike kariljon fan It Hearrenfean.

  • 1994 - Grutte tillefoan fan Centraal Beheer
  • 1995 - Mislearre stunt
  • 1996 - Ferkearsbuorden
  • 1998 - Twa stânbylden fan earrebarren
  • 1999 - Asfaltwals
  • 2001 - Neimakke stânbyld fan it Frijheidsbyld út Hearhugowaard
  • 2002 - Byld fan in joker
  • 2003 - Kofjekop fan Douwe Egberts
  • 2004 - Stânbyld fan Jannes by de seehûne-opfang fan Pieterbuorren
  • 2005 - Keet fan it tillefyzjeprogramma 'In Holland staat een huis'
  • 2006 - Ferklaaid is boeven nei twa mislearre stunts
  • 2007 - Yn de brân stekken fan in auto yn gearwurking mei de brânwacht
  • 2008 - Stânbyld harten út Rutten
  • 2009 - Karantêne pleatsen stânbylden bokken en geiten
  • 2010 - Wolkomstbuorden provinsje Fryslân
  • 2011 - Ringen Olympysk Stadion Amsterdam

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: