In mairie wie de namme fan de gemeentebestjoeren tusken 1811 - 1813. De gritenijen wiene doe yn 80 mairies ferdield, bestjoerd troch 'maire et adjoints'.

By keizerlik dekreet fan 9 july 1810 waard it Keninkryk Hollân by Frankryk ynlive. In gefolch fan de ynliving wie dat de funksje fan skout ôfkaft waard. De skout waard ferfongen troch in prokureur en de maire. Fierders betsjutte it de ein fan it rjochtsprekkend foech fan de gemeentebestjoeren per 1 maart 1811.

Nei it werstel fan de Nederlânske ûnôfhinklikens yn 1813 waard de titulatuer fan maire feroare yn boargemaster. Allinne yn Fryslân waard de maire wer grytman, oant ek dy titel yn 1851 feroare waard yn boargemaster.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: