Bauke Kammenga (Aldeberkeap, 10 febrewaris 190124 july 1990) wie in Nederlânske politikus fan Frysk komôf.

Hy waard yn de Fryske gemeente Eaststellingwerf berne as soan fan Jan Kammenga (1865-1947; gemeentefjildwachter) en Tetje Asma (1867-1929).[1] Hy begûn yn 1918 syn amtlike karriêre by de gemeentesekretary fan Eaststellingwerf en yn 1920 gie er oan't wurk by de gemeentesekretary fan Kampen dêr't er it brocht ta adjunkt-kommys. Dêrnei wie er fan 1925 ôf wurksum by de provinsjale griffy fan Súd-Hollân dêr't er yn 1948 de rang fan referendaris berikte. Fan novimber 1952 ôf ûnderbruts er goed in jier syn wurk by it provinsjaal bestjoer om waarnimmend boargemaster fan Zevenhoven te wurden. Fan mids 1956 oant syn pinsjonearring yn 1966 wie Kammenga boargemaster fan de gemeenten Leimuiden, Nieuwveen en Rijnsaterwoude.

Hy ferstoar yn 1990 yn 'e âldens fan 89 jier. Hy waard te hôf brocht yn it Gelderske Terwolde. [2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: