Koepelbosk
De Koepelbosk is in bosk súdlik fan Aldeberkeap. De bosk is yn it behear fan Steatsboskbehear en is de grutste bosk fan Berkeap.
De Koepelbosk waard, lykas de Molebosk en de Stjerrebosk, tusken 1820 en 1830 oanlein yn opdracht fan de grytman mr. Jan Albert Willinge. Der is doe ek in fiver oanlein. Sûnt 1954 is der ek in hartekamp by de Koepelbosk.
Troch de bosk rinne twa kuierrûtes fan 1 en 3 kilometer lang.