Spitkeet

(Trochferwiisd fan Seaddehutte)

In spitkeet, spithutte of plaggehutte is in ienfâldige mei heideseadden bedutsen hutte.

in plaggehutte yn Echten.
Seaddehutten yn de Drintske feanen (1926)

Plaggehutten stienen yn de earmoedichste parten fan Fryslân, mar ek yn Drinte en Oerisel. Hjiryn wennen de alderearmste arbeiders, faak mei grutte húshâldings. Guon seaddehutten waarden oant yn it begjin fan de 20e iuw bewenne.

In plaggehutte wie in tige ienfâldich bouwurk. Meastal foar in gedielte útgroeven yn de grûn en sûnder sydmuorren sadat it dak op grûnhichte begûn. It dak wie beklaaid mei seadden dy't út it omlizzende lân stutsen waarden.

Plaggehutten stienen faak yn feanûntginningsgebieten. Dêr gou de net-skreaune regel dat in nij hûs stean bliuwe mocht as it tusken sinne-ûndergong en sinne-opgong boud wie en de skoarstien moarns rikke.

De leefomstannichheden wienen ferskuorrende min. Troch de bouwize wie de hutte min te ferwaarmjen, fochtich en it tilde der op fan ûngedierte. Bewenners fan spitketen waarden dan ek net sa âld. De wenningwet fan 1901 ferbea it wenjen yn plaggenhutten, mar ferfangende wenten waarden mar in bytsje oanbean. Sadwaande wiene der plakken, lykas Jobbegea-Hoarnstersweach, dêr't noch tsientallen jierren yn spitketen wenne waard.

Der binne in pear plakken yn Nederlân dêr't toeristen nachts yn spitketen sliepe kinne.

Iepenloftmusea mei spitketen

bewurkje seksje