It Damshûs is in museum oer leechfeanterij oan de Domela Nieuwenhuiswei yn Nij Beets. De stifting It Damshûs oerkoepelt de aktiviteiten fan it iepenloftmuseum It Damshûs en it Sudergemaal.

Domela Nieuwenhuiswei 59B
It húske en in waskamer

Yn 1958 waard it lêste stiennen húske fan Nij Beets troch wat sybsydzje ynset en mei help fan doarpsbewenners stien foar stien ôfbrutsen en wer opboud. It is de yngong fan it museum wurden. It is ynrjochte mei skonken húsrie, foarwerpen, foto’s en feantersark. It museum is neamd nei H.C. Dam dy't it húske skonk.
Dêrnei kaam der in besikerssintrum, “De Stûke”. Troch âlde foto's waard dit ynrjochte om in byld te jaan fan it libben en wurkjen yn de feanterstiid tusken 1863 en 1920 yn Opsterlân en Smellingerlân. Benammen de ferskuorrende earmoede út dy tiid wurdt dúdlik makke. It nij opboude 'Houten Himeltsje', it houten tsjerkje fan Nij Beets wie yn 2003 klear. Ek it twa bunder grutte terrein om it museum hinne waard ynrjochte. Oan de noardkant stiet it restaurearre polderslúske.

Yn 2006 is der in feanbaaswente boud mei in winkeltsje anneks kafee. Yn 2008 waard in eksposysje wijd oan de sosjalistyske koloanje Frij Fryslân yn besikerssintrum De Stûke. Yn 2013 kaam de yngong fan it museum op in oar plak, waard in parkearterrein oanlein en in nij entreegebou set.

Ynterieur bewurkje seksje

Aktiviteiten bewurkje seksje

  • Stoppeldei, in dei dat omtinken jûn wurdt oan âld ark en âlde masines.
  • In edukatyf programma foar basisskoallen
  • Skimerjûnfestival mei muzikale optredens
  • Boartersdei foar bern
  • Folkloaredei, as it hiele museum bewenne wurdt lykas eartiids.
  • Boattochten, û.o. nei it Sudergemaal

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: