De Grinzer Pein
De Grinzer Pein[2] (Nederlânsk en offisjeel: Opende; Grinslânsk: De Penne) is in doarp yn de gemeente Westerkertier yn de provinsje Grinslân. Oant de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2019 hearde it ta de gemeente Gruttegast; dêrnei kaam it by de nije fúzjegemeente Westerkertier. De Grinzer Pein leit oan 'e eastgrins fan Fryslân; it is it meast westlik lizzende doarp fan Grinslân. Yn 2023 hie it doarp 2.529 ynwenners.
De Grinzer Pein Opende | ||
Komboerd De Grinzer Pein (2010) | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Westerkertier | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.529 (2023) [1] | |
Oerflak | 25,3 km² dêrfan lân: 24,84 km² dêrfan wetter: 0,44 km² | |
Befolkingsticht. | 104 ynw./km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | N981, N358 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | ||
Kaart | ||
Kultuer en namme
bewurkje seksjeDe Grinzer Pein is ien fan 'e doarpen yn it Westerkertier fan Grinslân dêr't fan âlds Frysk sprutsen wurdt; it Nedersaksyske Grinslânsk (Westerkertiersk) is der net lânseigen. De namme 'De Grinzer Pein' wurdt yn it Frysk brûkt om betizing mei it De Pein, yn Fryslân, foar te kommen. De namme is in ferwizing nei de lizzing: op (= oan) de ein fan 'e wei fan it doarp Gruttegast nei Fryslân. Op âlde kaarten wurdt de namme ek wol stavere mei in trema op de e (dus: Opënde); dat om foar te kommen dat it yn it Nederlânsk as de doetiid fan it tiidwurd 'iepenje' lêzen wurde soe.
Skiednis
bewurkje seksjeMids 2018 oppenearre de lokale politike partij Sterk Westerkertier dat op De Grinzer Pein in referindum holden wurde moast om te sjen oft de befolking ynstee fan op 1 jannewaris 2019 op te gean yn 'e nije fúzjegemeente Westerkertier, net leaver by de Fryske gemeente Achtkarspelen komme woe te hearren. De reäksjes fan 'e ynwenners fan De Grinzer Pein op dat inisjatyf wiene lau: it wie de measte minsken beide kearen wol bêst. Achtkarspelen krige allinnich de foarkar as dêr minder gemeentlike belestings betelle hoege wurde soene.[3]
Bouwurken
bewurkje seksjeDe Grinzer Pein hat twa tsjerkegebouwen: de Herfoarme tsjerke en de Grifformearde tsjerke. Súdeast fan it doarp stiet op it terrein fan de kemping De Watermolen in Amerikaanske wynmotor.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Kristlike Daltonskoalle
-
Parkje yn nijbouwyk
-
Wynmotor Grinzer Pein
-
skieppeskuorre (2012)
-
Antoniahoeve oan 'e Drachtsterweg (2014)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|