Grifformearde tsjerke (De Grinzer Pein)
De Grifformearde tsjerke yn De Grinzer Pein is it tsjerklik sintrum fan 'e grifformearde gemeente De Grinzer Pein-Kornhorn. De tsjerke stiet oan de Provinsjalewei 80 en is oansletten by de PKN.
Grifformearde tsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
gemeente | Westerkertier | |
plak | De Grinzer Pein | |
adres | Provincialeweg 80 | |
koördinaten | 53° 10' N 6° 12' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1925 | |
Webside | ||
Side fan de gemeente | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeOarspronklik foelen de grifformearde ynwenners fan 'e Grinzer Pein ûnder de grifformearde gemeente fan Surhústerfean. Mar nei't der yn 1920 in kristlike skoalle stifte wie, ûntstie der ek yn 'e Grinzer Pein de winsk om dêr in eigen grifformearde tsjerke te bouwen. Yn dy tiid wennen der yn it doarp likernôch 100 grifformearde hûshâldings. Op 10 juny 1924 waard der in selsstannige Grifformearde gemeente stifte. Krekt efkes earder wie der al útein set mei it ynsammeljen fan jild foar in nije tsjerke. Yn koarte tiid wisten de grifformearden al 9.000 gûne by inoar te bringen.
Ynearsten tsjinne de kristlike skoalle as ûnderkommen foar de tsjerketsjinsten. Foar de bou fan de tsjerke joech in gemeentelid in stik grûn wei en op 12 septimber 1925 koe de bou begjinne. Noch yn itselde jier, op 15 desimber, waard de tsjerke yn gebrûk nommen.
Yn 1945 ferlear de Grifformearde gemeente de dûmny en sa'n 120 leden oan 'e frijmakking. Hja bouden oan 'e selde Provinsjalewei in eigen tsjerke, dy't yn 2002 sletten waard en op 3 desimber 2004 ôfbaarnde.[1]
Oan 'e grifformearde tsjerke feroare fierder net in soad mear. Yn 1980 folge achter de tsjerke noch de bou fan in aktiviteitensintrum, dat de namme "Pro Deo" krige.
Op 1 jannewaris 2017 waarden de grifformearde gemeenten fan 'e Grinzer Pein en Kornhorn gearfoege ta ien gemeente. Besletten waard op de tsjerke fan 'e Grinzer Pein oan te hâlden en dy fan Kornhorn ôf te stjitten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|