Avro Lancaster


Rol Swiere bommesmiter
Makker Avro
Earste flecht 9 jannewaris 1941
Yn tsjinst febrewaris 1942
Ut tsjinst 1963 (Kanada)
Farianten Avro Lancastrian
Tal makke 7.377
Grutste brûkers RAF Royal Canadian Air Force, Royal Australian Air Force
Trochûntwikkeling Avro York, Avro Lincoln

De Lancaster wie in 4-motorige swiere Britske bommewerper út de Twadde Wrâldkriich. De Lancaster waard foaral troch de Britske loftmacht brûkt, mar is ek troch oare lannen fan it Britske Mienebêst oankocht. In totaal fan 7.377 tastellen binne der makke.

Avro Lancaster "S for Sugar" fan 463/467 Squadron RAAF yn it RAF Museum Hendon
Fergelyking fan de Lancaster mei syn tiidgenoaten; de Short Stirling en de Handley Page Halifax.
Avro Lancasters boppe Hamburch

De Lancaster wie in ûntjouwing út de twa-motorige Avro Manchester, en krige earst de namme 'Avro Type 683 Manchester III', mar waard letter Lancaster neamd. De earste testflecht wie op 9 jannewaris 1941 en doe die bliken dat it in grutte ferbettering wie foar syn foargonger oer.

Operasjoneel

bewurkje seksje

Yn de Twadde Wrâldkriich fleagen de Lancasters fan 1942 ôf 156.000 missys en smieten 608.612 ton oan bommen. Der binne totaal 3.249 Lancasters ferlern gien. De Lancaster dy't de measte missys op syn namme brocht fleach 139, en waard yn 1947 útrangearre. Dit tastel is fral ferneamd wurden troch it meidwaan oan operaasje Chastise yn 1943. Fierders hawwe Lancasters ferantwurdlik west foar it sinken fan it Dútske slachskip Tirpitz. De ûntwikkeling fan de Lancaster waard fuortset yn de Avro Lincoln, ek wol bekend as de Lancaster IV en V. Twa tastellen waarden nei de oarloch ynset by de loftbrêge nei Berlyn.

Lannen dêr't de Lancaster tsjinne hat

bewurkje seksje

Technyske feiten

bewurkje seksje
Avro Lancaster Mk. I
Kenngröße Feiten
Lingte 21,18m
Hichte 5,97m
Spanwiidte 31,09m
Wjokoerflak 120,80m²
Leechgewicht 16.705 kg
Startgewicht 30.800 kg
Startgewicht (maks.) 31.750 kg
Oandriuwing Fjouwer Rolls-Royce Merlin XX linemotors fan 1.280 HK it stik
Heechste faasje 448km/o op 5.600m hichte
Krúsfaasje 338km/o
Stiichfaasje 6.095m yn 41 min mei folsleine bommelading
Maksimaal fleanberik 2.675km mei 6.350kg bommen
Tsjinstplafond 7.467m
Bemanning 7 man
Bewapening Acht Browning masinegewearen kaliber 7,7 x 56 mm /.303 Britsk (7,7mm),
oant 6.350kg bommen

Besibbe ûntwerpen

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje