Avro Manchester
Avro Manchester | |
---|---|
Rol | Bommesmiter |
Makker | A.V. Roe and Company |
Earste flecht | 25 july 1939 |
Yn tsjinst | Novimber 1940 |
Ut tsjinst | 1942 |
Tal makke | 202 |
Brûkers | Royal Air Force, Royal Canadian Air Force |
De Avro 679 Manchester wie in Britske bommesmiter fan begjin Twadde Wrâldkriich.
Koarte skiednis
bewurkje seksjeDe earste flecht wie yn july 1939. A.V. Roe and Company makke mar 20 stiks fan de oarspronklike ferzje, Manchester Mk I. Fan de Manchester Mk IA mei gruttere rolroeren en in fan 6,71 m nei 10,06 m fergrutte sturtwjukspanwiidte, waarden 200 fabrisearre. Sy tsjinnen fan novimber 1940 oant mids 1942. De Manchester die bliken in mislearring te wêzen; har fleaneigenskippen wiene net sa min, mar de swierrichheden mei de ûnbetroubere RR-Vulture motoren wiene grut. De fuortsette ûntjouwing fan de fjouwermotorige Manchester Mk III late begjin 1941 lykwols ta de tige kapabele Avro Lancaster.
Technyske feiten
bewurkje seksjeAvro Manchester Mk. IA | |
Feiten | |
---|---|
Lingte | 20,98 m |
Spanwiidte | 27,46 m |
Startgewicht (max) | 25.402 kg |
Motor | Twa Rolls-Royce Vulture I fan 1.312 kW (1.784 HK) it stik |
Topfaasje | 426 km/o op in hichte fan 5.181 m |
Maks. fleanberik | 2.622 km mei 3.629 kg bommen |
Bemanning | 7 |
Bewapening | Acht Browning M1919 masinegewearen, kaliber .303 inch (7,7 mm), oant 4.695 kg bommen |