It tastel waard ûntwikkele út de Lancaster. De earste farianten waarden oantsjut mei Lancaster IV en V, mar dy nammen waarden letter feroare yn Lincoln I en II. It wie de lêste bommesmiter mei sûgermotors yn tsjinst fan de Royal Air Force. It tastel waard augustus 1945 yn gebrûk naam, te let om noch mei te dwaan by aksjes yn de Twadde Wrâldoarloch.
Yn de jierren fyftych waard de Lincoln wol brûkt yn gefjochten tsjin de Mau Mau yn Kenia en yn Malakka foardat se út tsjinst helle waarden fan nije bommesmiters mei strielmotoren ferfongen waarden. In pear tastellen tsjinnen letter noch as fleantugen foar it testen fan turboprops.
Der waarden totaal 604 Lincolns makke, guon dêrfan waarden brûkt as sivyl transportfleantúch. Dêr binne noch fjouwer fan oer yn ferskate ferzjes, mar net ien is noch fleanree.