Burgumerdaam
Burgumerdaam wie in koarte dyk tusken hege grûn by Burgum en by Sumar dy't by súdwestlike stoarm it lege lân om de Burgumer Mar beskerme. Eartiids waard it ek wol de Lioedmersdaam neamd nei de eigennamme Lioedmer.
De tiid fan oanlis is net bekend. Nei 1600 wie de daam net mear fan belang as wetterkearing. Oant mids 20e iuw hat der in draaibrêge west, dy't sûnt om ende by 1600 de syl (de Burnsyl) yn de daam ferfong. By de brêge stie de herberch 'Burgumerdaam'. De herberch wie doel fan útstapkes en fiskers yn de 19e iuw. Cornelis Wielsma skreaun it folksliet "It famke fan Burgumerdaem".
De hjoeddeiske brêge oer it prinses Margrietkanaal leit in stik westliker as de âlde. Tsjintwurdich hjit it súdlike stik fan Burgum Burgumerdaam.
Burgumerdaam eartiids
bewurkje seksje-
Burgumerdaam mei draaibrêge en iikmole
-
Herberch De drie gekroonde baazen
-
De N.T.F., it 'stjonkfabryk' yn 1943
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|