Jan Piterssoan Sweelinck

Jan Pieterssoan Sweelinck (Dimter, [??] maaie 1562 - Amsterdam, 16 oktober 1621) wie in Nederlânsk komponist, organist, klavesinist, muzykpedagooch, muzykorganisator en ensemblelieder. Hy jildt as de wichtichste Nederlânske komponist út de ier-moderne skiednis.

Jan Piterssoan Sweelinck
Jan Pieterssoan Sweelinck
Jan Pieterssoan Sweelinck
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jan Pieterssoan Sweelinck
nasjonaliteit Nederlânsk
berne maaie 1562
berteplak Dimter
stoarn 16 oktober 1621
stjerplak Amsterdam
wurkpaad
berop/amt Komponist
aktyf as muzykpedagooch,
muzykorganisator,
ensemblelieder

Jan Piterssoan Sweelinck wie de âldste fan trije bern fan Pieter Sywertssoan (of Swibbertssoan) en Elsgen Sweling, dochter fan de Dimter stêdssjirurgyn Johan Zwelick. De bern brûkten de efternamme fan mem út reden fan it foaroansteand plak dat har famylje yn Dimter hie.

 
De Haach, Sweelinckplein. Monumint J.P. Sweelinck fan Dirk Bus.

Heit Piter wie in soan fan Swibbert fan Keyzersweerd, in musikus dy't yn de iere 16e iuw út (it doe noch Nederlânsktalige) Neder-Rynlân nei Dimter ferfarde en dêr organist fan de Grutte of Sint Lebuïnustsjerke waard. By syn wiif sette er sân bern oan, ûnder oaren Piter, dy't him letter opfolgje soe as organist fan de grutte Dimter stêdstsjerke.

Yn 1564 ferhuze Piter Swibberts nei Amsterdam dêr't er organist fan de Alde of Sint Nikolaastsjerke waard. Fan Sweelinck syn heit en syn pake binne gjin komposysjes bekend.

Joost van den Vondel skreau it folgjende grêfskrift foar him:

Dits Sweelinck's sterfelyk deel; ten troost ons nagebleven;
't Ontsterfelyk hout de maet by Godt in 't eeuwig leven;
Daer streckt hy, meer dan hier omvatten ons gehoor,
Een goddlycke galm in aller Enghlen oor.

Sweelinck no

bewurkje seksje

Yn 2010 kaam in doas mei 17 cd's út, mei alle muzyk fan Sweelinck dêr't wy fan witte, totaal 254 fokale stikken, byinoarbrocht ûnder de titel Het Sweelinck Monument en mei wiidweidige taljochtingen yn seis boeken. Utfierende artysten binne it Gesualdo Consort Amsterdam û.l.f. Harry van der Kamp en organist Bernard Winsemius.

Sweelinckjier 2012

bewurkje seksje

Yn 2012 wie der omtinken foar it feit dat Jan Piters Sweelinck 450 jier lyn yn Dimter berne waard.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: