Bernard Winsemius
Bernard P. Winsemius (1945) is in Nederlânsk oargelist en klokkenist.
Organist
bewurkje seksjeWinsemius studearre oan it Amsterdamsk Konservatoarium, net allinne oargel, mar ek koar- en orkestdireksje. Syn stúdzje waard yn 1970 bekroane mei de Prix d'Excellence.
Hy is organist yn de Nije Tsjerke fan Amsterdam, tegearre mei Gustav Leonhardt.
Beiaardier
bewurkje seksjeBoppedat studearre er beiaard oan de Beiaardskoalle yn Amersfoort. Yn 1971 waard ek dêr syn stúdzje bekroane mei de Prix d'Excellence.
Winsemius is stêdsbeiaardier fan Haarlim en Amsterdam. Hy spilet alle wiken:
Dei | Tiid | Plak |
---|---|---|
Moandei | 08:30-09:30 | Frije Universiteit, Amsterdam |
Moandei | 14:30-15:30 | St. Bavotoer, Haarlim |
Tongersdei | 12:00-12:45 | Sudertoer, Amsterdam |
Tongersdei | 14:00-15:45 | Munttoer, Amsterdam |
Tongersdei | 16:00-16:45 | Westertoer, Amsterdam |
Freed | 11:30-12:00 | Bakenessertoer, Haarlim |
Freed | 12:45-13:15 | St. Bavotoer, Haarlim |
Learaar
bewurkje seksjeWinsemius is dosint oan de Codarts, Hegeskoalle foar de Keunsten yn Rotterdam en de Hegeskoalle foar de Keunsten yn Utert.