Alde Tsjerke (Amsterdam)

De Alde Tsjerke oan it Oudekerksplein is it âldste noch besteande gebou fan Amsterdam. De protestantske tsjerke stiet yn it sintrum fan 'e stêd en waard nei alle gedachten yn 1306 oan de hillige Nikolaas wijd, de patroanhillige fan Amsterdam. Nikolaas fan Myra wie de patroanhillige fan 'e seelju en waard in soad fereare yn havenstêden.

Alde Tsjerke
Lokaasje
plak Amsterdam
adres Oudekerksplein 23
koördinaten 52° 22' N 4° 53' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Nikolaas fan Myra
Arsjitektuer
boujier 14e iuw
boustyl gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 4298
Webside
Side Alde Tsjerke
Kaart
Alde Tsjerke (Amsterdam-Binnenstêd)
Alde Tsjerke

Oant de reformaasje yn 1578 wie it in roomsk tsjerkegebou. Yn 'e jierren 1884-1887 waard yn Amsterdam op 'e nij in tsjerke boud dy't oan 'e hillige wijd waard, de hjoeddeiske Sint-Nikolaastsjerke.

Yn septimber 2006 fierde de tsjerke it 700-jierrich jubileum. Yn dat jier waard op 17 septimber in angelusklokje werom hongen yn it tuorke op it tsjerkedak. Dat klokje wie mei de byldestoarm yn 1566 ferdwûn.

Sûnt 2016 is de Alde Tsjerke njonken in tsjerkegebou fan 'e PKN ek in museum foar hjoeddeiske keunst mei wikseljende útstallings. Dêrnjonken binne sûnt 2018 de histoaryske stylkeamers mei de erfgoedkolleksje fan 'e tsjerke foar it publyk iepensteld.

De tsjerke stiet yn 'e Top 100 fan 'e Nederlânske ryksmonuminten.

Untstean fan 'e Amsterdamske parochy

bewurkje seksje
 
De oarspronklike patroanhillige yn it houten ferwulft fan 'e Alde Tsjerke

Op it plak fan 'e hjoeddeiske Alde Tsjerke stie oant yn 'e 13e iuw in lytse houten kapel mei dêr omhinne in begraafplak. Yn 1280 hie de pastoar fan Amestelle (it hjoeddeiske Ouderkerk) de noed foar twa tsjerken. De belangrykste tsjerke dêrfan wie dyn fan Ouderkerk en de twadde wie de Alde Tsjerke fan Amsterdam. Sa wie de tsjerke fan Ouderkerk de memmetsjerke fan 'e Alde Tsjerke, mar Amsterdam groeide gaueftich en yn 1334 waard Amsterdam in selsstannige parochy. Op dat stuit waard de Nikolaastsjerke in parochytsjerke. Oan it begjin fan 'e 15e iuw krige Amsterdam in twadde parochy mei as parochytsjerke de Nije Tsjerke. Sûnt wurdt der oer de Oudekerks- en Nieuwekerkzijde praat, ôfkoarte ta Oude- en Nieuwezijde. Dochs bleau de Alde Tsjerke ynearsten de meast wichtige tsjerke. De stedsbrannen fan 1421 en 1452 lieten de Alde Tsjerke mei rêst.

 
Amsterdam om 1400 hinne (mei foaroan de Alde Tsjerke)

De Alde Tsjerke hat in rike bouskiednis. Yn 'e twadde helte fan 'e 13e iuw waard de houten kapel ferfongen troch in stiennen sealtsjerke. Nei 1300 waard dy ferboud ta in grutte halletsjerke; in trijeskippich bouwurk mei smelle en like hege sydskippen en in lyts, rjochthoekich goatysk koer. Foar safier bekend wie dat de earste halletsjerke yn Hollân. Op it plak fan 'e hjoeddeiske toer waard boppedat in toer boud. Likernôch om 1330 hinne waard it lytse koer ferfongen troch in ienskippich grutter koer. Yn 'e jierren 1330-1350 folge de ferbouwing fan 'e smelle sydskippen yn brede sydskippen, dy't noch breder as it middenskip waarden. Stadichoan begûn de tsjerke it oansjen te krijen fan 'e hjoeddeiske tsjerke en de trijeskippige halletsjerke bestiet yn in feroare foarm noch jimmeroan.

Yn 'e iuwen dêrnei waard de tsjerke hieltiten fergrutte. Earst waarden de sydskippen nei it easten ta langer makke, sadat ek it koer trijeskippich waard. Dêrnei folge de bou fan in fiifsidige koeromgong en de tafoeging fan twa kapellen, dy't fan 'e Alde Tsjerke in krústsjerke makken, de yn 'e jierren 1380-1412 oan 'e noardlike kant boude Sint-Joariskapel en de yn 1450-1460 oan 'e súdlike kant boude Sint-Sebastiaankapel. De lettere bou fan wer nije kapellen lieten lykwols dy kapellen wer ferdwine.

 
Lotterijprint (1558) fan 'e Sint-Nikolaastsjerke

Yn 'e earste helte fan 'e 16e iuw is de tsjerke ferhege. Ynearsten waard it skip ferhege mei in ljochtbeuk en healwei de 16e iuw waard ek de krusing ferhege (oan 'e ferheging fan 'e dwersskippen waard net mear takommen). Op 't lêst waard yn 1558-1560 in út in lotterij fan 1558 betelle ljochtbeuk op it koer set, wylst tusken 1563 en 1565 de stiennen basis fan 'e toer ferhege waard. Nei alle gedachten makke Joost Bilhamer it ûntwerp fan 'e spits dy't der op boud waard. De nije toer wie no 70 meter heech.

Byldestoarm en reformaasje

bewurkje seksje
 
Byldestoarm yn 'e Alde Tsjerke.

De byldestoarm fan 1566 fernielden ek de alters, skilderijen en bylden fan 'e Alde Tsjerke. Allinne de bylden dy't heech genôch hongen waarden sparre. Nei de ynfiering fan 'e reformaasje waard op 31 augustus 1578 foar it earst it Nachtmiel bestjinne troch Petrus Dateen en waarden de earste dûmny's yn it amt befêstige.

Yn 1584 mochten de keaplju yn 'e tsjerke in beurs organisearje. Oan de beurs yn 1611 op it Rokin iepene waard mocht de tsjerke foar dat doel brûkt wurde. Sûnt 1632 waarden de gearkomsten fan 'e tsjerkeried wikseljend yn 'e Alde en Nije Tsjerke holden. Mei de bou fan it stedhûs op 'e Dam waard de Nije Tsjerke defintyf de haadtsjerke fan 'e stêd en rekke it belang fan 'e Alde Tsjerke wat yn it neigean.

De Alde Tsjerke is in foarbyld fan Hollânske gotyk. De konstruksje is licht om 't de peallen fan it fûnemint gjin swier gebou drage kinne. De tsjerke hat houten tonferwulften en de hege spitsbôgefinsters besparren swier muorrewurk. Sa slaggen de bouwers der yn om dochs in grut en komplisearre tsjerkegebou te bouwen. It oerflak fan 'e tsjerke is grut yn ferlikening mei de hichte fan it gebou, mar it karakter fan in halletsjerke bleau bewarre.

Restauraasjes

bewurkje seksje

Swierrichheden mei it fûnemint laten yn 1951 ta it sluten fan 'e tsjerke en in 24 jier lange restauraasje. Tusken 1994 en 1998 waard der wer wurke oan 'e tsjerke en yn 2008 sette in restauraasje fan 'e sarkeflier útein, dy't yn 2013 ôfsletten waard.

 
Haadoargel

Al yn 'e 15e iuw hong oan 'e westkant fan 'e tsjerke in oargel. Dat oargel waard yn 'e jierren 1539-1545 troch in trijemanualich oargel fan Hans fan Keulen, Hendrik en Hermann Niehoff en Jasper Janss. ferfongen. Ek bouden Hendrik Niehoff en Jaspar Janss. yn 1544-1545 in twamanualich koeroargel. Fan 1577 (of 1580) oant 1621 wie de komponist Jan Piterssoan Sweelinck, dy't yn 'e tsjerke begroeven waard, organist fan 'e Alde Tsjerke.

De tsjerkrintmasters joegen yn 1724 Christian Vater út Hamburch opdracht in nij oargel te bouwen, dat no it haadoargel fan 'e tsjerke is. Yn 1726 foltôge er it ynstrumint, mar yn 1738 moast Johann Caspar Müller it oargel al demontearje om't de toer drige yn te stoarten. Müller wreide it oargel foars út, net alllinne as reaksje op it yn 1738 foltôge oargel fan Christian Müller yn Haarlim, mar fral om mear leven te meitsjen fanwegen de massale sang yn 'e tsjinsten. Dat oargel waard in soad jierren bespile troch de fan oarsprong út Dútslân ôfkomstige musikus Conrad Friedrich Hurlebusch, in kollega en sakerelaasje fan Johann Sebastian Bach, dy't yn syn wenplak Leipzig ferkeaper wie fan 'e printe klavierkomposysjes fan Hurlebusch.

Yn 1869 folge lang om let in yngreven ferbouwing fan it Vater-Müllerorgel troch C.G.F. Witte, wêrby dy de klankkleur fan it barokke ynstrumint foar in part yn in romantysk ynstrumint feroare, ek al kin der noch jimmeroan barokke muzyk op spile wurde. Sûnt is der njonken it wenstige ûnderhâld fierder net in soad mear oan it ynstrumint feroare. Yn 2014-2018 restaurearre de oargelboufirma Reil út Heerde it oargel.

It koeroargel waard al yn 1658 ferfongen troch in oargel fan Hans Wolff Schonat, in ynstrumint dêr't Anthoni van Noordt op spile hat. Yn 1821 waard dat oargel ôfbrutsen, mar in grut part fan 'e pipen waarden bewarre. Oer de Amsterske Sudertsjerke en de Eastertsjerke fan Aalten belâne dat piipwurk lang om let yn it yn 1977 boude Metzler-oargel fan 'e Willibrordustsjerke yn Oegstgeest. De oarspronklike oargelkas bleau lykwols oant 1964 leech efter yn 'e Alde Tsjerke, doe't de oargelbouwers Ahrend & Brunzema in nij koeroargel boudn. Dêrby waard it ûntwerp fan Schonat safolle mooglik folge. Yntusken is de klank fan it ynstrumint yn middentoanstimming omset.

 
Ynterieur.

Om 't de kosten fan it ûnderhâld fan 'e tsjerke al yn 'e 20e iuw heech waarden foar de tsjerklike gemeente, is de tsjerke yn 'e stifting De Oude Kerk ûnderbrocht. Lykas wenst waarden mei de tsjerklike gemeente ôfspraken makke oer it brûken fan in diel fan 'e tsjerke foar de earetsjinst. Dat gie hiel lang goed. Desinnialang waarden der útstallings organisearre sûnder swierrichheden en hold de Alde Tsjerke syn tsjerklike funksje.

 
Jildskiter (miserikorde yn 'e koerbank)

Sûnt 2012 krige de tsjerke ek de status fan museum, in gefolch fan it krewearjen fan 'e stifting om de Alde Tsjerke as in lokaasje foar site-spesifike keunst te ekploitearjen. Dêrby krije de keunstners de frijheid om wat mei it gebou sels te dwaan. By dy ûntwikkeling waard gjin rekken mear holden mei de religieuze funksje en de arsjitektuer fan 'e Alde Tsjerke. Al gau ûnstiene der bygelyks plannen om histoarysk meubilêr te ferwiderjen en de tsjerke te feroarjen yn in moderne keunsthal.[1] Der waarden kontroversjele keunstwurken yn 'e tsjerke opset en doe't de Stifting Oude Kerk fan doel wie om as oantinken fan ien fan dy kontroversjele útstallings in bliuwende feroaring oan it gebou oan te bringen troch in glês-en-leadraam te ferfangen troch in egaal read raam, late dat ta de oprjochting fan 'e stifting Behoud van de Oude Kerk.[2]

 
Glês-yn-leadraam mei wapens.

Poems for Earthlings

bewurkje seksje

Yn 2019 waard de eksposysje Poems for Earthlings fan 'e Argentynske keunstner Adrián Villar Rojas iepene, werby it ynterieur fan 'e Alde Tsjerke kompleet feroare wie yn in oarlochsgebiet mei rinfuorgen. De histoaryske ynvintaris waard ferwidere of ferdwûn efter hout en hege heapen sekken sân, de kroanluchters waarden nei ûnder helle en de ramen waarden fertsjustere, want de keunstner hold net fan ljocht. De tsjerklike mienskip waard ferdreaun en krige in oare romte sûnder deiljocht tawiisd. It late ta in grutte kontroverse tusken de stifting en erfgoedorganisaasjes en fragen of it ryksmonumint wol yn goede hannen wie by de Stifing Oude Kerk. Sa wiene der soargen oer it gewicht fan it tapaste swiere materiaal en it effekt dêrfan op de krekt restaurearre flier. Ek moasten de 16e-iuwske ramen fan 'e glesker Dirck Crabeth (1501-1574) út de Marijekapel ferwidere wurde, om't der net te reparearjen skuorren ûntdutsen wiene.[3] Op Facebook waard útein set mei de aksje Stop de kunstgekte yn de Oude Kerk.[4]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Oude Kerk (Amsterdam)