Belis fan Medemblik (1517)

It Belis fan Medemblik (twadde belis) wie yn 1517. It stedsje mei it kastiel fan Medemblik waard doe foar de twadde kear sûnt 1351 belegere.

Kastiel Radboud te Medemblik
Kastiel Medemblik anno 1649

Diskear wienen it Grutte Pier en Wijerd Jelckama dy't Medemblik mei harren Arumer Swarte Heap (ek wol Gelderske Friezen neamd) belegeren. Uteinlik slaggen de belegerders der net yn om it kastiel binnen te kringen. Kastielhear Joast fan Bueren hie de bewenners fan Medemblik der ynlitten en wist sadwaaande in soad fan har tsjin ûnheil te beskermjen.

In soad fan de huzen, dy't yn dy dagen noch út hout bestiene, waarden plondere en doe platbaarnd. Dat it deadetal dochs noch tafoel, wie ta te skriuwen oan it optreden fan kastielhear Fan Bueren.

 
De dapperheid fan Grutte Pier, anno 1516, 19e iuwsk skilderij fan Johannes Hinderikus Egenberger dat de striid fan Grutte Pier ferhearliket

De legers fan Grutte Pier en Grutte Wierd, neamd de Swarte Hoop, soenen op 24 juny 1517 mei meardere findels lanne wêze by Wervershoof. De troepemacht skynt frij grut west te hawwen.

Under har wienen Gelderske en Fryske hierlingen, foar in grut part besteande út boeren, strûkrôvers, seelju, ferearme eallju en oare bannelingen. Medemblik waard flot ferovere en de bewenners dy't gjin feilich hinnekommen wisten te finen, waarden ombrocht of finzen nomd om letter tsjin betelling fan in lospriis wer yn frijheid steld te wurden.

In diel fan de boargerbefolking koe flechtsje nei it kastiel yn de buert, dêr't de hear Joast fan Bueren stânhâlde koe tsjin Grutte Pier en syn gefolch oant dy it opjoegen.

By it fuortgean stuts it leger fan de opstannelingen it stedsje yn de brân. It ienige dat bewarre bleau wie de toer fan de Sint-Bonifasiustsjerke, dy't yn 1556 wer hielendal opboud wurde soe, en it kastiel mei dêryn de skûljende befolking ûnder lieding fan slotfoud Fan Bueren. Hast alle gebouwen wienen yn dy dagen noch fan hout mei as gefolch dat se troch de flammen folslein mei de grûn lykmakke waarden.

Ek it omlizzende gebiet waard plondere troch de opstannelingen. Allinnich yn Oostwoud waard it plonderjen ôfkocht troch de pastoar fan it doarp. De skea wie sa grut dat it noch jierren duorje soe eardat dy wersteld wie.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Rondje Medemblik