Wervershoof
Wervershoof (Frysk: Wervershôf[1]; Westfrysk: Wurvershouf) is in doarp en eardere gemeente yn West-Fryslân, yn 'e provinsje Noard-Hollân. Fan 1 maaie 1817 oant 1 jannewaris 2011 wie Wervershôf in selsstannige gemeente.
Wervershôf | ||
![]() | ||
Mûne De Hoop. | ||
Emblemen | ||
![]() ![]() | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | ![]() | |
Gemeente | ![]() | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 8.130 (1 jannewaris 2023) | |
Oerflak | 15,77 km² wêrfan lân: 14,64 km² wêrfan wetter: 1,14 km² | |
Befolkingsticht. | 555 ynw./km² | |
Oar | ||
Koördinaten | 52°44 'NB, 5°8 'EL | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeOer it ûntstean fan 'e namme Wervershoof besteane in oantal ferzjes. In protte sjogge de ferneaming nei de pleats (''hoeve'') fan 'e preker Werenfridus leafst. Werenfridus wie folgeling fan Willibrord en kaam nei it gebiet yn 690 om it evangeelje te ferkundigjen. Hy wenne destiids op in pleats yn it lettere Wervershôf.
It plak wurdt yn 1288 as banne Werfaertshof neamd op in lânkaart. Mar it ferhaal fan Werenfridus hat noch altiten in soad neifolgers. Ek binne de tsjintwurdige Sint-Werenfridustsjerke en de parochy ferneamd nei de hillige Werenfridus. De eartiidske tsjerke wie ek al oan him wijd.
It ynwennertal skommele tusken de 250 en 400. It oantal groeide neidat it yn 1817 in selsstannige gemeente waard. Yn 1868 wienen der benei 800 ynwenners. De gemeente sels waard doe fergrutte mei Hoog- en Laag-Zwaagdijk en hie doe sa'n 1600 ynwenners. It doarp bleau in tiid ûngefear lyk wat ynwennertal oanbelanget. Yn it begjin fan 'e 20e iuw groeide de befolking sterker, mar de echte groei kaam pas nei de Twadde Wrâldoarloch. It doarp groeide yn in perioade fan 40 jaar fan wat mear as 2000 nei 5000 ynwenners. De oare plakken yn 'e gemeente groeiden sa hurd net as it doarp Wervershôf.
De gemeente Wervershôf bestie neist it doarp Wervershôf út de doarpen Onderdijk en Zwaagdijk-East (Zwaagdijk). De ferkearsieren dy't troch de gemeente rûnen wienen de N240 en de N302. Op 1 jannewaris 2010 telde de gemeente 8.794 ynwenners (boarne: CBS) en hie se in oerflak fan 30,85 km² (wêrfan 6,72 km² wetter). Op 1 jannewaris 2011 is de gemeente fusearre mei de gemeente Andijk en de stêd Medemblik. Mei elkoar foarmje se de nije gemeente Medemblik. De lêste boargemaster fan 'e gemeente Wervershôf wie Floris Vletter.
Mûne
bewurkje seksjeBy de grins fan 'e beboude kom oan it Zijdwerk, de âlde dykswei dy't Wervershoof mei Zwaagdijk ferbynt, stiet de mûne De Hoop. Dy stellingmûne komt út de Binnendijkse Buitenveldertsepolder fan 'e destiidske gemeente Nijer-Amstel en waard yn 1889 yn Wervershôf delset as ferfanger fan in âldere lytsere mûne. Sûnt april 2013 is der in museum yn 'e mûne ûnderbrocht, dat wijd is oan sportferslachjouwer Theo Koomen, dy't yn Wervershôf berne en begroeven waard.
Berne
bewurkje seksje- Jacobus Grent (1889-1983), biskop, dêr't it Biskop Grentplantsoen nei neamd is.
- Johannes (Jan) Buis (1892-1935), pastoar en misjonaris dy't yn Sina wurke.
- Jan de Boer (1893-1956), boargemaster en hoogheemraad.
- Hans Caro (1928 - 1972), roeier.
- Theo Koomen (1929-1984), sportferslachjouwer, dêr't de Theo Koomenleane nei neamd is.
- Jacques Hetsen (1945 - 2007), bouûndernimmer en manager fan BZN.
- Leo Kenter (1958), muzikant en skriuwer.
- Yvonne Spigt (1988) reedrydster, Nederlânsk kampioene maratonsriden op natoeriis 2008 en 2012.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Gemeente Medemblik | ||
---|---|---|
Stêd: Medemblik | ||
Doarpen: Abbekerk • Andijk • Benningbroek • Hauwert • Lambertschaag • Midwoud · Nibbixwoud • Onderdijk • Oostwoud • Opperdoes • Sibekarspel • Twisk · Wadway (foar in part) • Wervershoof • Wognum • Zwaagdijk | ||
· · |