Andyk

(Trochferwiisd fan Andijk)

Andyk (offisjeel: Andijk; alternative Fryske namme: Oandyk[2]; Westfrysk: Andoik) is in doarp yn 'e krite West-Fryslân fan 'e Nederlânske provinsje Noard-Hollân.

Andyk
Flagge Wapen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Medemblik
Sifers
Ynwennertal 7.005 (2021) [1]
Oerflak 22,85 km²
wêrfan lân: 21,03 km²
wêrfan wetter: 1,82 km²
Befolkingstichtens 329 / km²
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 52° 44' N 5° 13' E
Webside de-andijker.nl
 
Buurtjeskerk

De namme Andyk is ôflaat fan 'oan 'e dyk'. Oan de Noarderdyk leine ferskillende buorskippen, dy't ûnder de plakken Lutjebroek, Grootebroek en Bovenkarspel hearden. Meiïnoar foarmen dy plakken eartiids de 'stede Grootebroek'. De buorskippen groeiden yn de rin fan de tiid en nei de reformaasje bouden de protestanten fan Andyk yn 1667 in eigen tsjerke, de Buurtjeskerk yn de Kerkbuurt, wylst de roomsken yn dy tiid ûnder de staasje fan Wervershoof foelen, dy't op de Bangert en op Broekoord in skûltsjerke hie.

Yn de Frânske tiid waard Andyk by keizerlik dekreet fan 21 oktober 1811 mei yngong fan 1812 in selsstannige gemeente. Njonken Andyk leine ek de Bangert en Tsjerkebuorren yn de gemeente Andyk. Ek Wervershoof hearde by de nije gemeente, mar sûnt 1817 foarme Wervershoof in aparte gemeente.

De stoarmfloed fan 1916 late ta in dykferbreding en it sljochtsjen fan de dykgrêft. Foar dat doel waarden de hûskes dy't tsjin de dyk oanboud wiene ôfbrutsen en nije strjitten oanlein, lykas de tsjintwurdige wei oan de ferbrede dyk. Fierder de polder yn ûnstiene de Kleingouw, Molenweg, Hoekweg, Middenweg en de Knokkel. Nei de Twadde Wrâldkriich fûn der fral nijbou oan de Middenweg en de Kleingouw plak. Besuden it doarp hearde ek noch in part fan 'e polder It Grutslach ta de gemeente Andyk. De gemeente waard begrinzge troch de Bokkesleat as grins mei de gemeente Inkhuzen, de Kadyk as grins mei de gemeente Stede Broec en de Feartsleat as grins mei de gemeente Wervershoof. Op 1 jannewaris 2011 fusearre de gemeente Andyk mei de gemeenten Wervershoof en de stêd Medemblik ta de nije gemeente Medemblik.

 
Andyk en de grifformearde tsjerke

De grûn fan Andyk is groeisum en wurdt brûkt foar lân- en túnbou. Ek binne der grutte bedriuwen foar de bolleferwurking. In wichtige boarne fan ynkommen is boppedat it toerisme. Der is in soad wettersport en der binne kampings en in bungalowpark. It wetterwinstasjon 'Prinses Juliana' leveret foar in grut diel it drinkwetter oan de provinsje Noard-Hollân.

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 2005 2006 2015 2018 2021
Ynwenners 6.421 6.470 6.470 6.710 7.005

It besjen wurdich

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Grifformearde tsjerke (Andijk).

Yn it doarp stiet de yn 1929 neffens in ûntwerp fan de Grinslânske arsjitekt Egbert Reitsma boude grifformearde tsjerke. De tige monumintale ekspresjonistyske tsjerke is sûnt 1985 in ryksmonumint.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Alle Cijfers
  2. Nij Frisia, maart 2015, Kerst Huisman, side 20