Sint-Werenfridustsjerke (Wervershoof)
De Sint-Werenfridustsjerke is in roomske tsjerke oan 'e Doarpsstrjitte 73 yn Wervershoof yn 'e provinsje Noard-Hollân, dy't wijd is oan Sint-Werenfridus fan Elst.
Sint-Werenfridustsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
plak | Wervershoof | |
adres | Dorpsstraat 73 | |
koördinaten | 52° 43'N 5° 9'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Haarlim-Amsterdam | |
patroanhillige | Sint-Werenfridustsjerke | |
status | bûten gebrûk | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Theo Asseler | |
boujier | 1874 | |
boustyl | Neogotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 38671 | |
Webside | ||
www.martinuskerkmedemblik.nl | ||
Kaart | ||
Yn 2023 waard de Werenfridustsjerke fanwegen it tebekrinnen fan 'e tsjerkegong sletten.[1]
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke waard tusken 1874 en 1875 boud. Arsjitekt Theo Asseler ûntwurp in trijeskippige krústsjerke yn neogoatyske styl.
It tsjerkegebou is in ryksmonumint.
Oargel
bewurkje seksjeIt tsjerkeoargel waard yn 1862 boud troch de firma Van Dinther en waard nei feroarings yn 'e rin fan 'e tiid by in restauraasje troch Flentrop yn 2000 wer yn 'e oarspronklike disposysje werom brocht.
Werenfridus
bewurkje seksjeDe tsjerke waard oan 'e hillige Werenfridus wijd, dy't bekend bleau as Werenfried fan Elst en ek yn Elst begroeven waard. Werenfridus wie om 700 hinne in kristlik preker yn West-Fryslân en soe doe yn Wervershoof wenne ha, dat mooglik nei him ferneamd waard. Letter gie Werenfridus nei Elst en Westervoort, wêr ek tsjerken nei him ferneamd binne.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|