Kop fan Noard-Hollân

De Kop fan Noard-Hollân is de namme foar it noardlik part fan de provinsje Noard-Hollân. It omfiemet de regio West-Fryslân en de gemeenten De Helder, Skagen, Hollands Kroon en Teksel.

De Kop fan Noard-Hollân is yn it ljochtblau werjûn

Gemeenten Bewurkje

 
Gemeente Ynwennertal
De Helder 57.887
Hollands Kroon 47.613
Skagen 46.379
Teksel 13.570

Dialekt Bewurkje

Yn de Kop fan Noard-Hollân wurdt it West-Frysk dialekt sprutsen. Dat dialekt hat wer ferskaat oan subdialekten; op Teksel it Tessels, op Wieringen it Wieringsk. Dy dialekten hearre ta it Eilân-Westfrysk en yn it oare part fan it gebiet wurde farianten fan it Lân-Westfrysk praat.

Ynfrastruktuer Bewurkje

Autowegen Bewurkje

De Kop fan Noard-Hollân is oer de Ofslútdyk mei de provinsje Fryslân ferbûn. Oer de Ofslútdyk rint de A7, dy't Saandam mei Bad Nieuweschans yn Grinslân ferbynt. It is de iennige autodyk dy't troch de Kop fan Noard-Hollân rint. Oare wichtige diken binne de N302 (Westfrisiaweg) dy't Kop fan Noard-Hollân oer de Houtribdyk ferbynt mei Flevolân, N506, N241, N245, N248, N99 en de N9 dy't fan Helder nei Alkmaar rint en dêr oanslút op de A9.

Spoarwegen Bewurkje

Feartsjinsten Bewurkje

Lofhaven Bewurkje