Koninklijke N.V. Texels Eigen Stoomboot Onderneming

De Koninklijke N.V. Texels Eigen Stoomboot Onderneming better bekend as TESO is in Nederlânske rederij dy't feartsjinsten útfiert tusken De Helder en it waadeilân Teksel. De NV is yn 1908 oprjochte as bedriuw sûnder winsteachmerk, troch eilanners dy 't ûntefreden wiene oer de feartsjinst dy't der op dat stuit wie.

TESO
It Keninklike TESO-logo ûnder it brêgehûs fan de Dokter Wagemaker
It Keninklike TESO-logo ûnder it brêgehûs fan de Dokter Wagemaker
Namme TESO
Oprjochte 1908
Plaknamme Teksel
Webstee Webside TESO

Healwei de njoggentjinde iuw waard it ferfier fan en nei de Waadeilannen bot ferbettere. Dat hie te krijen mei de beskikberens fan stoomskippen, mar ek mei de Postwet fan 1850, dy't easken stelde oan de berikberens fan Nederlânske gemeenten. Fan 1882 ôf waard in feartsjinst op Teksel ûnderhâlden troch de Alkmaarske rederij Alkmaar Packet fan Cornelis Bosman. Under de eilanners bestie grutte ûntefredenheid oer priis en kwaliteit fan de ferbining. Yn 1907 kaam it konflikt ta in hichtepunt en yn augustus fan dat jier waard de feriening Nieuwe Texelsche Stoombootdienst oprjochte, op inisjatyf fan de Tekselske húsdokter Adriaan Wagemaker. Twa wiken letter Al koene se de fan de Gebr. De Groot út Kampen hierde Baron Rengers yn de feart bringe. Op 22 jannewaris 1908 waard de feriening omset yn de N.V. Texels Eigen Stoomboot Onderneming, mei in haadsaak troch Tekselaars byinoar brocht startkapitaal fan 75.000 gûne. De TESO bestelde dat jier har earste eigen skip, de SS Dageraad, wêrmei't fan mids augustus ôf in feartsjinst ûnderhâlden waard. Fanwege in boykot troch de Tekselers fan Alkmaar Packet, moast dy ferfolgens mei praktysk lege boaten tusken Den Helder en Teksel farre. Taryfferleging en advertearjen mochten net mear helpe: yn 1909 moast Bosman him weromlûke en ferkocht syn bedriuw oan de Tekselaars.

Fanôf de jierren 40 oant en mei de jierren 60 ûnderhâld TESO ek in feartsjinst tusken Teksel en Flylân, mei de Zeemeeuw. Wanear't de Zeemeeuw yn de jierren sechstich net mear geskikt is om mei te farren wurd de ferbining troch TESO skrast. De skipper fan de Zeemeeuw, kapitein Boon keapet dêrop in eigen boat en begjint in rederij, (Rederij De Vriendschap) wermei't er de ferbining Teksel - Flylân fan TESO oernimt. Ek hjoed de dei fart dizze rederij by goed waar noch fan Teksel nei Flylân.

 
fearhaven by 't Horntje begjin jierren 90, mei de fûke foar it fear yn it midden en rjocht de fearstoepe[1]

Oudeschild wie oarspronklik de thúshaven fan TESO. Begjin jierren sechtich waard der spekulearre oer in haven by 't Horntje op de súdpunt fan it eilân. It grutte foardiel: de oertocht soe dêrwei in healoere koarter wurde. De mieningen wiene ferdield, ek binnen it bestjoer. Uteinlik foel de kar dochs op 't Horntje. Yn 1962 koene de TESO-skippen gebrûk meitsje fan de nije fearhaven.

De groei fan it toerisme yn de jierren 70 wie net te stuitsjen, en stelde TESO foar flinke útdagingen. Yn it heechseizoen rûnen de wachttiden somtiden op oant wol acht oeren. Dat wie perfoarst gjin goed fisitekaartsje foar Teksel as fakânsje-eilân... Der moast dêrom wat barre. Om 't farren mei trije skippen logistyk net helber bliek, kaam TESO-direkteur Theo Hoogerheide mei in weage foarstel. Hy woe in dûbeldeks skip bouwe litte, dat hast trije kear safolle auto's ferfiere koe. Tsjinstanners wiene benaud dat Teksel hielendal oerspield wurde soe troch toeristen. Mar Hoogerheide sette troch en yn 1980 kaam it earste TESO dûbeldeksfear de Molengat yn de feart. Pas yn 1986 koe TESO it boppedek brûke, want troch alle beswierskriften wie de bou fan in passende laadbrêge seis jier fertrage.

De TESO is yn it foarste plak oprjochte foar de eilanners en sy binne faak ek oandielhâlder. De 3.650 oandielen, dy't yn 1907 foar fiif of 25 gûne ferkocht waarden, binne eigendom fan sa 'n 3.100 (benammen Tekselse) oandielhâlders. Sûnt de oprjochting binne der nea nije oandielen útjûn en om se safolle mooglik yn hannen fan Tekselaars te hâlden, wurdt der gjin dividint útkeard, mar kinne de oandielhâlders in oantal fergeze oertochten meitsje.

Eardere boaten

bewurkje seksje
# Namme Boujier Yn tsjinst Ut tsjinst Opmerkingen
  De Dageraad 1908 1908 1934 Sloopt
Ada van Holland 1879 1908 1924 Sloopt
Marsdiep 1926 1926 1956 Ferkocht (Rotterdam),
Sloopt 1996
  Dokter Wagemaker 1934 1934 1963 Ferkocht (Skylge),
Sloopt 1975
Voorwaarts 1940 1940 1967 Ferkocht (Amsterdam),
Sloopt 1981
Twee Gebroeders 1894 1942 1956
Zeemeeuw 1937 1947 1965 Ferkocht (Dútslân)
De Dageraad 1955 1955 1965 Ferkocht (Skylge),
Sonken 2004
Koningin Wilhelmina 1927 1960 1967 Sloopt 1967
  Marsdiep 1963 1964 1992 Ferkocht (Malta),
Sloopt 2002
  Texelstroom 1966 1966 1992 Ferkocht (Malta),
Sloopt 2002
  Molengat 1979 1980 2008 Ferkocht (Singapoer),
Sloopt 2019
  Schulpengat 1990 1991 2017 Sloopt 2018

Hjoeddeistige boaten

bewurkje seksje
# Namme Boujier Yn tsjinst Opmerkingen
  Dokter Wagemaker 2005 2005
  Texelstroom 2015 2016

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De fearstoepe hie foar elk tij in eigen nivo, sadat boaten altyd lade en losse koene, In fearstoepe is it stiennen tsjinhinger fan in tij steger.