Molengat (skip út 1979)
De Molengat wie in fearboat fan de TESO dy't in regelmjittige feartsjinst tusken De Helder en Teksel ûnderhâlde.
Molengat | ||
algemiene ynformaasje | ||
flagge | Nederlân (1980-2008), Yndia (2008-2019) | |
thúshaven | Teksel (1980-2008), ûnbekend | |
eigner | TESO | |
oare namme(n) | Halani-1 (2008-2019) | |
skiednis | ||
werf | Verolme Skipswerf, Heusden | |
kyllizzing | 17 april 1979 | |
tewetterlitting | 15 desimber 1979 | |
oplevere | 19 juny 1980 | |
yn de feart | 29 augustus 1980 | |
út tsjinst | 2017 | |
status | Sloopt (2019) | |
bysûnderheden en sifers | ||
type | Fearboat | |
subtype | RoRo | |
lingte | 88,4 m. | |
breedte | 18 m. | |
djipgong | 4,4 m. | |
passazjiers | 1250 | |
maks. faasje | 12 knopen (23 km/o) |
It skip wie de earste dûbeldeksfearboat[1] fan TESO en wie it antwurd op de hieltyd tanimmende ferfiersfraach. It skip waard boud troch de Verolme Skipswerf Heusden en it bea plak oan 188 auto's en 1250 passazjiers. De Molengat is ferneamd nei it Molengat, de fargeul mei deselde namme dy't tusken Noarderheaks en Teksel leit. De fearboat is nei de komst fan de Dokter Wagemaker yn 2005 noch in pear jier op Teksel bleaun, mar ferliet it eilân definityf yn de maitiid fan 2008.
Bystien troch de twa inkeldesskippen Marsdiep en Texelstroom, ûnderhold de Molengat oant 1991 de haadtsjinstregeling. De earste seis jier koe TESO net optimaal gebrûk meitsje fan de fearboat, omdat de fearhavens op Teksel en yn De Helder noch gjin dûbele brêgen hiene. Rykswettersteat sette yn augustus 1985 útein mei de ombou fan de brêgen. Juny 1986 fear de Molengat foar it earst mei auto's op de beide autodekken. Yn 1991 kaam de nije fearboat Schulpengat oan op Teksel, wêrnei't de Molengat reserveskip waard. Yn 2005 waard de Molengat twadde reserveskip, nei de komst fan de Schulpengat. De fearboat waard noch geregeld ynset, omdat Dokter Wagemaker noch net direkt folop yn tsjinst kaam.
Troch in technysk mankemint kaam it skip op 18 jannewaris 2007 hurd yn oanfarring mei de laadbrêge fan de fearhaven yn Den Helder. Hjirtroch rekke it skip skansearre en de brêge ûntset. Net lang hjir nei kaam it skip te keap te lizzen.
Ynearsten melde har Italianen as keaper foar de fearboat Molengat, mar dizze keap gie net troch. De Molengat waard yn 2008 kocht troch in reder út Aazje. En waard omdoopt as Halani-1. Yn Singapoer waard de eardere fearboat ferboud, kompleet mei helikopterplatfoarm. Fan de oarspronklike fearboat bleaune allinnich parten fan de romp en de technyske ynstallaasje oer. Nei dizze ferbouwing die de Halani-1 tsjinst yn de Perzyske Golf, wêrnei't it skip yn 2010 ferskynde foar de kust fan Angoala. Yn oktober 2017 dûkte De Halani-1 op yn Walvisbaai, Namybje, dêr't it skip te keap stie foar 15 miljoen Amerikaanske dollar. Yn 2019 waard de eardere Molengat fia Mauritsius en Mozambyk nei it sloopstrân fan Alang yn Yndia brocht.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|