Dokter Wagemaker (skip út 2005)
De Dokter Wagemaker is in fearboat fan de TESO dy't in regelmjittige feartsjinst tusken De Helder en Teksel ûnderhâldt. Sûnt 2016 docht de Texelstroom de haadtsjinstregeling. It is it twadde skip fan TESO dat fart ûnder dizze namme. De Dokter Wagemaker is neamd nei de oprjochter fan TESO, de húsdokter Adriaan Wagemaker (1863 -1933).
Dokter Wagemaker | ||
algemiene ynformaasje | ||
flagge | Nederlân | |
thúshaven | Teksel | |
eigner | TESO | |
skiednis | ||
werf | Koninklijke Schelde Groep, Nederlân, Roemeenje | |
kyllizzing | 26 novimber 2003 | |
tewetterlitting | 17 maart 2004 | |
oplevere | 30 juny 2005 | |
yn de feart | 16 septimber 2005 | |
status | Yn tsjinst | |
bysûnderheden en sifers | ||
type | Fearboat | |
subtype | RoRo | |
lingte | 130,4 m. | |
breedte | 22,7 m. | |
djipgong | 4,4 m. | |
passazjiers | 1750 | |
oandriuwing | roerpropeller 4 x Caterpillar 3608TA, 15552 PK ~ 11440 kW | |
maks. faasje | 15 knopen (28 km/o) |
It skip is boud troch de Koninklijke Schelde Groep (KSG), ûnderdiel fan de Damen Shipyards Group. De romp is boud op de Damen-werf yn Roemeenje, de ôfbou fûn plak by KSG yn Flissingen. Opmerklik is de wize fan oanlizzen yn de fûke. Dêr is in sûchnap konstruksje oanbrocht, wêrmei't it bewurklike oanlizzen en los goaien mei trossen mijd wurdt.
It skip kin maksimaal 300 persoane-auto's en 1750 passazjiers ferfiere. By dit skip is de âlde hússtyl (giel) efterlitten, it sjocht der dan ek folslein oars út as de Molengat, it skip dy't ferfongen waard. Ek is it skip in stik langer en breder as syn foargonger. Fierder is dit it earste skip fan TESO dat ek in atrium en liften befettet.
-
De sûchnapkonstruksje dêr 't it skip mei ôfmearret yn de fûke.
-
Ynterieur fan de Dokter Wagemaker.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|