Texelstroom (skip út 2015)

De Texelstroom is in fearboat fan de TESO dy't in regelmjittige feartsjinst tusken De Helder en Teksel. ûnderhâld. It is it twadde skip fan TESO dat fart ûnder dizze namme.

Texelstroom
algemiene ynformaasje
flagge Nederlân
thúshaven Teksel
eigner TESO
skiednis
werf Koninklijke Schelde Groep, Nederlân, Roemeenje
kyllizzing 30 desimber 2014
tewetterlitting 30 july 2015
oplevere 26 july 2016
yn de feart 27 oktober 2016
status Yn tsjinst
bysûnderheden en sifers
type Fearboat
subtype RoPax
lingte 135,4 m.
breedte 27,9 m.
djipgong 4,4 m.
passazjiers 1750
oandriuwing 4x roerpropeller, 2 x ABC dual fuel 12DZC en 2 x ABC diesel 12DZD, 15552 PK ~ 8000 kW
maks. faasje 15,4 knopen (28,5 km/o)

De kyl fan de fearboat waard lein op de werf fan La Naval yn Sestao yn Spanje. Yn april 2016 rûn it dêr as kasko fan de helling en waard oerfearn nei in drûchdok fan de Damen Shipyards Group, yn Amsterdam. Dêr waard it skip ôfboud. Nei meardere proeffearten waard de Texelstroom ynset ta ferfanging fan de Schulpengat, dy 't út tsjinst gie. De Dokter Wagemaker naam hjirby de funksje fan reserveboat oer fan de Schulpengat, wylst de Texelstroom haadtsjinstregeling fersoarget. It skip kin maksimaal 380 persoane-auto's en 1750 passazjiers ferfiere.

Op 18 febrewaris 2022 rekke it skip troch stoarm Eunice skansearre by it oanlizzen yn de fearhaven yn 't Horntje. De skea oan ien fan de ballasttanks waard lykwols pas trije dagen letter ûntdutsen. It skip wie sa'n tsien dagen út de feart.[1][2] Yn de hjerst fan 2022 wie de Texelstroom troch in technysk mankemint wer in moanne út de feart.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: