Friso-Saksyske dialekten
De Friso-Saksyske dialekten binne in groep Nedersaksyske dialekten dy't yn gruttere of mindere mjitte troch it Frysk beynfloede binne. It giet hjir net om in gearhingjende taalgroep of taalfamylje, mar om in stikmannich dialekten dy't deselde karakteristiken diele om't se deselde (Fryske) ynfloed ûndergien hawwe.
Karakteristiken
bewurkje seksjeFoar it meastepart hawwe de gebieten dêr't sokke taalfarianten sprutsen wurde, yn it ferline Frysktalich wêst, mar is it Frysk der fan 'e lette Midsiuwen oant de njoggentjinde iuw ferkrongen troch de opmars fan Nedersaksyske taalfoarmen. Krektsa hat it bgl. west yn 'e Grinzer Ommelannen, dy't oant de fyftjinde iuw Frysktalich wiene, en mei East-Fryslân, yn noardwestlik Dútslân, dêr't it Eastfrysk op it eilân Wangereach sels noch oant yn 'e tweintichste iuw sprutsen waard.
By it Oertsjongersk is it krekt oarsom: de Stellingwerven makken yn 'e Midsiuwen diel út fan it âlde Oerstift, dêr't ek Drinte, Oerisel en de stêd Grins ta hearden. Dat wie al sûnt de Iere Midsiuwen in Nedersaksysktalich gebiet. Pas letter kamen de Stellingwerven ta Fryslân te hearren. It Stellingwerfsk hat sadwaande in Fryske ynfloed fan bûtenôf ûndergien, en itselde jildt oant op in beskate hichte foar it Grinzerske dialekt fan 'e stêd Grins. Hast alle oare Friso-Saksyske taalfoarmen binne krekt Nedersaksyske dialekten dy't har op in Frysk substraat fêstige hawwe, en dus fan binnenút troch it Frysk beynfloede binne.
Oan 'e oare kant fan Westerlauwersk Fryslân komme de ferlykbere Friso-Frankyske dialekten foar, dat Nederfrankyske taalfoarmen op in Frysk substraat binne (lykas it Westfrysk, it Wetterlânsk en it Saansk).
Dialekten
bewurkje seksjeDe Friso-Saksyske dialekten kinne opdield wurde yn guon dy't in sterkere ynfloed fan it Frysk ûndergien hawwe, en guon wêrby't dy ynfloed minder grut west hat.
- poer Friso-Saksysk:
- licht Friso-Saksysk:
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |