It Hodelerlân (Dútsk: Land Hadeln) is in histoaryske regio en in earder distrikt mei as haadplak Otterndorf oan de Nedersaksyske Elbe, yn de trijehoek tusken de mûnings fan de Elbe en de Weser. Tegearre mei it Lân Woersten foarmet it noch hjoed in typysk, relatyf sletten, Frysk kultuergebiet. De namme komt al yn it Aldsaksysk foar, nammentlik yn de namme Gau Haduloha.

It wapen fan Hodelerlân
Hodelerlân yn 1560.

Yn de Midsiuwen waard it Hodelerlân kolonisearre troch Fryske emigranten. Tsjintwurdich is it part fan de landkreis (distrikt) Cuxhaven yn de dielsteat Nedersaksen.