Wapen fan Warfstermûne

It wapen fan Warfstermûne (Kollumerlânsk: Woapen van Warfstermeul) is it wapen fan it doarp Warfstermûne, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1976 registrearre.

Wapen fan Warfstermûne

De blazoenearring fan it wapen is:

Yn goud trije reade mûne-izers, pleatse 1:2, mei in griene skyldfoet.

De heraldyske kleuren binne: goud, kiel (read) en sinopel (grien).

  • Gouden fjild: stiet foar it goudgiele nôt dat rûn it doarp stien hat.
  • Mûne-izers: symbool foar de mûne dy eartiidsk yn it doarp stie en wêr it doarp syn namme te tanken hat.
  • Griene skyldfoet: ferwiist nei de fruchtbere klaaigrûn rûn it doarp.