Wapen fan Kollumerlân en Nijkrúslân
It wapen fan de gemeente Kollumerlân wurdt as earste neamd yn in wapenboek út 1708 fan Gerrit Hesman. It wapen hearde doe by Kollum. Oannommen wurdt dat de gemeente Kollumerlân it fan Kollum oernommen hat. Kollum hie doe wat steedliks en wie krektas de oare stêden (mei in wapen) ferdield yn wiken. De kroan hat trije blêden en twa kear trije pearels.
It wapen wurdt beskreaun as:
Yn trije likense dielen ferdield, it boppeste fan sulver, it middelste fan goud, beladen mei in reade sjer en it ûnderste gedielte grien. It skyld dekt mei in kroan fan goud.
De oarsprong fan it skyld is ûndúdlik, it wurdt al in oantal iuwen fierd, al is soks yn ferskillende kleurkombinaasjes (1660 read-sulver-swart, 1700 grien-sulver mei gouden stjer-grien). Van den Bergh neamt in segel út 1467, wêrop St.Maarten op it hynder mei de bidler, rjochts fan him in beamtûke, ûnder syn foet in skeanlizzende leelje.